Categorieën
Fryslân Landbouw Politiek

Plan Twadde Keamer foar lange pachtkontrakten falt goed yn Fryslân

Troch Onno Falkena op OmropFryslân.nl

Lange pachtkontrakten fan 20 oant 25 jier foar boeren moatte wer de noarm wurde. Dat wol de lânboukommisje yn de Twadde Keamer.

De lêste fyftjin jier bart it hieltiid faker dat boeren in saneamd liberalisearre pachtkontrakt oanbean krije foar seis jier of sels noch koarter. Dat is benammen lestich foar jonge boeren, want yn sa’n koarte tiid kinne je de ynvestearrings net weromfertsjinje.

Yn Fryslân wurdt mear as 40 prosint fan de lânbougrûn ferpachte. Tradisjoneel bart dat faak yn de foarm fan erfpacht of reguliere pacht.

Erfpacht is foar 26 jier, reguliere pacht kin salang trochrinne as de pleats yn deselde famylje bliuwt. Sûnt 2008 wurdt hieltiid mear grûn ferpachte foar in perioade fan seis jier of sels noch koarter.

Lês fierder fia: https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/17519076/plan-twadde-keamer-foar-lange-pachtkontrakten-falt-goed-yn-fryslan