Troch Omrop Fryslân
De gemeente Noardeast-Fryslân hat parkeargaraazje ’t Panwurk yn Dokkum fuortendaliks ôfsletten. De betonnen boppedekken binne yn minne steat.
De gemeente hat ûndersyk dwaan litten nei de steat fan de parkeargaraazje. No docht bliken dat de garaazje op guon plakken sa min is dat de feiligens net garandearre wurde kin. It buro dat it ûndersyk útfierde hat de gemeente advisearre om de garaazje fuortendaliks te sluten.
Lês fierder fia: https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/17524542/parkeargaraazje-dokkum-fuortendaliks-ticht-feilichheid-kin-net-mear-garandearre-wurde