Categorieën
Cultuur Geschiedenis Media

OER DE LJOUWERTER KRANTE: IT IS NET WAT IT LIKET…

Troch Liuwe van der Meer

It stie fannemoarn (19 septimber, red.) grutsk op side 25 fan’e Ljouwerter Krante:”Eerste editie van de LC uit 1752 op televisie”. En ja, ik hie it programma ek sjoen en ik hie my doe ek al fernuvere, want eksimplaren fan it earste nûmer fan’e Ljouwerter Krante binne tige seldsum. It nûmer siet yn in laadsje fan in lyts kastje dat frou Ietsje ferkeapje woe, foar € 3000, it hie fan har beppe west en dat krantenûmer koe wolris weikomme by Willem Sprenger, sa te sjen de oerpake fan Ietsjes man en dy hie fan 1875 oant 1908 direkteur west fan’e Ljouwerter Krante. De link is lein en sadwaande kin de Ljouwerter Krante hjoed op side 25 efkes grut útpakke oer it feit dat in earste edysje fan’e LC út 1752 op’e tillevyzje wie.

Yn 2004 rommen wy ús âlderlik hûs op en sadwaande fûn ik yn in laad fan ús heit syn buro in plestik map mei dêryn … in earste eksimplaar fan ‘e Ljouwerter Krante, N° I fan’e LEEUWARDER Saterdagse Courant. Wy fregen ús ôf hoe’t ús heit oan sa’n seldsumheid kommen wie en wy kamen ta de konklúzje dat er dy by ien fan syn besites oan fiere famyljeleden, foar de oarloch, wol krigen sillen hie út sa’n blikken tromp mei âlde papieren, dy’t faak bewarre waarden yn sa’n heech-oppich kammenet yn’e hoeke fan’e keamer. Wy hawwe ek noch sa’n kammenet yn’e hûs en ek dêryn sit sa’n blikken tromp mei âlde papieren wêrfan ik hielendal net wit wêrom’t se bewarre binne, in Ljouwerter Krante út 1819, wat hypotheek-papieren en de ferkeap fan in hûs, yn 1836! Ja, yn sommige famyljes wurde sokke papieren iuwenlang bewarre en trochjûn oan’e neiteam. En sadwaande sil ús heit by Tsjimk-muoi yn Damwâld wol in earste eksimplaar opskarrele hawwe fan in Ljouwerter Krante.

Ja, sa betochten wy dat doe, yn 2004. Ik mocht it eksimplaar hawwe en ik wie der wakker wiis mei, dat begripe jim wol. Ik haw him ek lêzen, it is wer ris oar nijs as dat fan hjoedtedei, oer de seksuele eskapades fan Loadewyk XV waard fansels net skreaun en Amearika wie noch in koloanje fan Ingelân, it Wite Hûs moast noch boud wurde.

Mar doe’t ik de achterkant lêzen hie, oer de ferkeap fan in Heerlyke en Deftige HUISINGE, SCHURE, HOVINGE, BOMEN en PLANTAGIE cum annexis en oer it útkommen fan in LYK REDENEN op it ferstjerren fan ús aller Willem Carel Hendrik Friso, ús Fryske stedhâlder dy’t as Willem IV nei Den Haach ferhuze wie om dêr in fiere foarâlder fan ús eigen Willem-Alexander te wurden, doe foel myn each op’e allerlêste rigel fan’e bledside:

”Bijvoegsel behoorende bij de Leeuwarder Courant van Dinsdag 29 Juli 1902”!

De earste Ljouwerter Krante wie ferskynd op 29 july 1752 en sadwaande hie tink ik Willem Sprenger, de direkteur fan’e Ljouwerter Krante yn 1902, it wol in leuk gebaar fûn om foar de abonnees fan 1902 in nei-printsel meitsje te litten fan dy earste krante, om dêrmei it 150-jierrich bestean fan’e krante wat kasjet te jaan. Dit nei-printsel is ek setten, it is gjin kopy, want dat koene se noch net, yn 1902, en om it noch echter lykje te litten hie Sprenger it setsel ek noch printsje litten op hânskept papier, it sjocht der sá echt út dat ek ik der yntuinde, en dat wol wat sizze, dat begripe jim wol. Der moatte wol in pear tûzen fan printe wêze…

En no tink ik dat Sprenger syn oantroude oerpakesizzer Ietsje sa’n neiprinte eksimplaar oantroffen hat yn in laadsje fan in kastje dat, lyk as de krante, dochs net sa âld blykte te wêzen as Ietsje wol hawwe woe. Se krige der noch € 300 foar en dêr wie se wol tefreden mei. Wat der no mei de neiprinte Ljouwerter Krante barre sil, wit ik net, hy wurdt net neamd yn it krantestik. Ik tink dat Ietsje him meinommen hat, om dêr takomme wike mei nei in antiquariaat te stappen. Men kin noait witte, hin?