Categorieën
Boeken Cultuur Fryslân Geschiedenis

Nij boek fan Willem Schoorstra: Ferburgen Fryslân / Hidden Frisia – 2025

Hjirûnder de tekst fan de afûk oer it nije boek fan Willem Schoorstra:

Fryslân hat allegear bysûndere, iuwenâlde saken te bieden, stille tsjûgen fan it minskebestean troch de milennia hinne. Meastentiids binne dy saken lyts en ûnopfallend, ferburgen hast, lykas tekens op muorren en kûmkes yn swerf­stiennen op in hôf. Soms ek falle se mear op, lykas stinswieren en lykpaden.

Alles dat yn Ferburgen Fryslân lykwols oan ’e oarder komt fertelt in ferhaal, is in werjefte fan hoe’t de minske him steande hâlde yn ûnwisse tiden. Myte, magy en religy spylje sadwaande in grutte rol yn dit boek, meitsje dúdlik hoe’t dy – mar al te – minsklike kondysje oant de dei fan hjoed neigalmet.

‘Ferburgen Fryslân / Hidden Frisia is in unike, twatalige útjefte dy’t gâns eagen iepenje sil.’