Categorieën
De Fryske Marren Landbouw Natuur en milieu

MEILPEAL BEHEINING SIERTEELT

Troch Wiebe Hoekstra, FNP-fraksjelid De Fryske Marren

Utwreiding fan de lelyteelt mei gebrûk fan gemyske bestridingsmiddels is net mear mooglik yn De Fryske Marren. Wij binne de earste gemeente dêr’t de gemeenteried útwreiding fan de sierteelt nei nije gebieten dizze moanne oan bannen lein hat. De FNP hat har hjir folop foar ynsetten.

Gemyske bestridingsmiddels binne skealik foar alle libben

Ferskate Pleatslik Belangen hawwe de ried brânbrieven stjoerd út eangst foar skea oan de sûnens. Yn de Sminkefeart wiene troch útspieling hege konsintraasjes gewaaksbeskermingsmiddels oantroffen. Gif sipelt troch nei it grûnwetter en is skealik foar de biodiversiteit.

De ried hie 26 maaie 2026 al besletten:
Gjin útwreiding en in buffersône fan 50 meter

Tegearre mei PvdA-GrienLinks hat de FNP begjin dit jier it inisjatyf naam om mei in amendemint te kommen om útwreiding fan de ‘sierteelt’ mei gebrûk fan gemyske middelen oan bannen te lizzen. Ek is in spuitfrije buffersône fan 250 meter op plakken dêr’t minsken wenje en by skoallen útsteld. Dat hat yn april en maaie laat ta yntinsive diskusjes mei foar- en tsjinstanners. De ried hat doe besletten om it kolleezje opdracht te jaan om yn it Omjouwingsplan te kommen mei 1: in ferbod op útwreiding fan de net-biologyske lelyteelt en 2: in buffersône fan 50 meter.

It útwreidingsbeslút koe no akkordearre wurde.

Ofrûne woansdei, 1 oktober 2025, hat de FNP it kolleezje in komplimint jûn foar de deeglike útfiering fan it tariedingsbeslút omtrint de ‘sierteelt’, wêrby’t de útwreiding no oan bannen lein is. Foar realisearring fan de spuitfrije sône fan 50 meter hat it kolleezje mear tiid nedich. Foar oare gemeentes en aksjegroepen tsjin de sierteelt is De Fryske Marren in foarbyld en it debat waard fanút Twente, ferskate gemeentes yn Drinthe en de rest fan Nederlân mei spanning folge.

De buffersône wurdt pas fêststeld nei de riedsferkiezingen

It is in earste stapke. It fêststellen fan de 50 meter buffersône kin spitigernôch net earder as yn de kommende riedsperioade oan de oarder komme. We rekkenje derop dat de partijen ek dan achter it beslút stean bliuwe dat no al nommen is.

Salang as it Regear yn Den Haach it kompleet ôfwitte lit, sil de FNP pal stean foar sûnens fan ús ynwenners en foar it miljeu.  Foar de ferkiezingen sil it in belangryk tema bliuwe!