In foto yn’e krante: Trump jout de koartlyn fermoarde Charlie Kirk posthúm de Presidential Medal of Freedom oan syn widdo, in soarte fan beleaning foar “bewezen diensten”, Kirk wie in trou oanhinger fan Trump, en is, neffens de presidint, ek om dy reden fermoarde. En fertsjinne dêrmei ek de Medal of Freedom. Miskien hawwe jim ek de begraffenisplechtichheid sjoen, yn in stadion, mei alle Republikijnske kopstikken derbij en in presidint dy’e de earme widdo treastet, begraffenissen binne by diktators en hast-dikators hiel populêr om de geasten ryp te meitsjen, der is ommers immen fallen foar de partij en dan is in begraffenis in gaadlik middel om de tsjinpartij swart te meitsjen.
Soms herhellet de skiednis him, yn in wat oare foarm, mar wol herkenber.

Op 13 july 1793 waard de revolúsjonêre Jakobyn Jean Marat yn syn sitbad fermoarde troch de Girondijnske Charlotte Corday en fan syn begraffenis waard in komplete happening makke, hy waard sels noch begroeven yn it Pantheon, de grutte skilder Jacques-Louis David makke syn dramatyske skilderij fan in Murat dy’t deastutsen yn syn sitbad sit en de skilder organisearre ek de begraffenis fan’e goede man. Trouwens, ek Madame Tussaud hat him noch sa útbylde, sa stie er letter yn’e griezelkelder fan Tussaud yn Londen. Op allerhande plakken waard syn byldnis ophongen en delsetten, in stikje persoansferhearliking wat faak betsjut dat dy ferhearliking al rillegau wer belunet, mar it is in feit: diktatoriale rezjyms dogge graach oan persoansferhearliking.

Yn 1930 waard de trouwe NSDAP-oanhinger en SA-man Horst Wessel fermoarde troch syn kommunistyske húsbaas, Wessel hie wat hierachterstand en dizze húsbaas woe syn gram helje. Oaren sizze dat er troch in kommunistyske groep foar syn hûs delsketten waard, yn elk gefal, hy stoar yn it sikenhûs en de kommunisten krigen de skuld. Syn begraffenis waard in grutte nazi-happening, organisearre troch de lettere minister fan propaganda Joseph Goebbels. No hie Horst Wessel ek in moai liet skreaun dat tige geskikt wie om op te marsjearjen, Die Fahne hoch! Die Reihen fest geschlossen! It waard suver in nij folksliet, dat ek by ús opskuor joech doe’t op it galafeest op’e jûn foar it houlik fan Juliana en Bernard, op 5 jannewaris 1937, it liet ek spile waard en de Dútske gasten dy’t yn’e seal sieten de Hitlergroet brochten; Wilhelmina wie not amused.

Op 27 maaie 1942 pleegden twa Tsjechyske fersetsstriders in oanslach op Reinhard Heydrich, de Reichsprotektor fan Bohemen/Moravië, “de Slachter fan Praach”, ien fan’e heechste nazi’s binnen de NSDAP, en de Dútsers namen op in ferskriklike wize wraak, ûnder oaren it doarp Lidice waard op 10 juny 1942 folslein ferwoeste, de manlju deasketten en in part fan’e froulju nei konsintraasjekampen brocht; der waarden ek yn Praach in pear tûzen minsken fermoarde, deasketten. De begraffenis fan Heydrich wie ien grut stik propaganda, mei alle kopstikken fan’e partij derby. De plechtichheid yn Praach waard wiidweidich filme en hy krige op it Invalidenfriedhof yn Berlyn in útwrytsk grêfmonumint.
Fan alle hjirboppe neamde “helden” fan in partij binne de grêven ferdwûn, fan it grêf fan Heydrich is neat mear oer as in betonnen balkje. Hy skynt der noch wol ûnder te lizzen…
Ik bin benijd hoe’t it grêf fan Kirk der oer tsien jier bijleit, mar de Medal of Freedom hat er dochs mar moai krigen. Wol posthúm, dat is wat spitich, in protte wille hat er der net fan hân.