Sommige mearkes fan Bomans joegen wolris in oanlieding ta in klassepetear omdat learlingen der wat yn herkenden; ach, dy ûnsekere pubers ek! Fuiven, klassejûnen, skoallereiskes: de hormonen wurken ek al yn’e earste klasse. Wa soe..? Wa hat dat…? Is it wier dat…? Ja, de leafde kipe faak om’e hoeke, yn’e kantine, yn it treppehûs, yn’e gongen en op it skoalplein.
En dan sá’n ferhaal, op freedtemiddei, as de rein tsjin’e ruten klettert en der aansens wer fytst wurde moat, nei Wergea, Wurdum of Weidum. Sentimint, hin?
IT OANSYK
Der wenne ris in jonge kikkert yn in gummybal, dy’t ferskuorrend fereale wie.Mar hy doarde it net te sizzen, want hy wie wat syn aard oanbelanget in bytsje skruten.
No hie er kunde in âlde kikkert, dy’t al fjouwer kear troud west hie en dus wol wiste hoe’t er it oanpakke moast. Mar hy fertroude dizze kikkert net hielendal. En sa swom er wat doelleas hinne en wer en op en del oant er him – hoe nuver, hin? – lyk tsjin it liif dreau.
“Wat dochtsto hjir, hearskip?” frege de âlde kikkert, wylst er him rjocht yn’e eagen seach.
“Och, ik driuwkelje hjir mar sa’n bytsje.”
“Do bist fereale”, sei de âlde kikkert, wylst er him rjocht yn’e eagen seach.
“Leave santjin, hoe wisto dat?”
De âlde kikkert glimke. “Ik haw soks wol mear by de ein hân”, sei er, “gean sitten. Bliuw kalm. It is hiel gewoan. Hoe hyt se?”
“Dat siz ik net”.
De âlde kikkert sette grutte eagen op.
“Wêrom net?”
“No”, sei de fereale kikkert, ”omdat se sa kreas is. En as ik it siz, dan giesto der miskien wol op ôf”.
De âlde kikkert slokte in stikje einekroas troch en seach de oare kant út. Want dat wie krekt wat er fan doel wie te dwaan.
“Kom”, sei er nei in skofke, “siz it mar. Want ik bin dochs te âld foar dy gekte”.
En de fereale kikkert fertelde hoe’t se hjitte en wêr’t se wenne. “It is in skat” besleat er.
“Moai”, sei de âlde kikkert, “ik sil it foar dy yn oarder meitsje, hear”.
“Hoe kin ik dy betankje?”
“Och, in lyts presintsje”, sei de âlde kikkert, “sjoch mar ris. It hoecht net in soad te wêzen, as it mar wat lekkers is”. En fuort swom er.
De jonge kikkert fong no in grauwe blauwe mich en gong dermei nei it hûs fan’e âlde kikkert om him dizze oan te bieden. Mar doe’t er foar it hûs fan syn skat lâns swom, krige in grut langstme him yn’e besnijing. Hy sette de blaumich skean oerein tsjin in stâle en begûn as in bern te gûlen. Dit hearde syn skat. En sy seach nei bûten en seach dêr har oanbidder stean. Syn wite búk glânzge yn it moanneljocht en syn grutte bolle eagen skynden út fan grienens. En sy kaam har húske út en frege: “Wat dochtsto dêr, hearskip?”
Hy suchte en sei””Ik bring in grauwe blaumich nei in freon, dy’t my helpe sil yn myn langstme”.
No seach sij him mei grutte eagen oan.
“Mar dy hat hjir krekt oan’e doar west”, rôp se, “en hy woe mei my trouwe. Mar ik haw nee sein”.
“Potferdikke!”rôp de ferale kikkert, “en hy kaam hjir om it foar my te freegjen!”
Doe wie it hege wurd derút. En se trouden tegearre en se setten har ta wenjen yn’e gummybal.
Doe’t no de âlde kikkertde oare deis lâns har hûs kaam, wie dat leech. Hastich swom er nei syn freon en belle oan. De jonge kikkert kaam sels foar en frege:”Wat dogge jo hjir, hearskip?”
“Freon”, sei de âlde kikkert, “ik moat dy hiel wat slims fertelle. Se is der mei immen oars útnaaid”.
“Dat kloppet”, sei de jonge kikkert, “dy immen oars bin ik”.
Doe sette de âlde kikkert grutte eagen op. En hy swom swijend nei boppen en joech him del op in pompeblêd. En krekt op dat stuit kaam der in earebarre oerfleanen. Dy frege neat en sei ek neat, mar hy snipte de âlde kikkert en fleach fierder. En it skaad fan’e fûgel foel oer de gummybal op’e boaium fan’e sleat.
“Is der wat?”frege de jonge kikkert, “do kleurest. Fertel it my mar”.
“De earebarre is foarbij kommen”, sei se, “dat is it”.
En dat wie ek sa. En doe’t trije wiken letter de kikkertfiskjes grut wurden wiene, rôp harren heit harren by him en fertelde harren dizze skiednis. En sy fertelden it wer oan harren bern, en op’t lêst kaam it sa fier dat de skiednis printe waard en op dit papier setten. Hjir is it ferhaal. Lês it goed. En as de grutte dei kommen is, gean der dan sels op ôf en lit dit net oer oan in oar.