Categorieën
Boeken Fryslân Taal

Linda de Haan nije Berneboeke-ambassadeur

Persbericht op Liwwadders.nl

Linda de Haan wurdt takom jier de nije Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. Mei yngong fan jannewaris 2026 sil De Haan trije jier lang de promoasje fan it Fryske berneboek in gesicht jaan. Dêrmei folget se de eardere Berneboeke-ambassadeurs Lida Dykstra en Tialda Hoogeveen op.

Linda de Haan: “Dit ambassadeurskip fielt as in fanselssprekkende stap en komt op in prachtich momint yn myn karriêre. Alles wat ik de ôfrûne jierren sammele haw oan ûnderfining kin ik no ynsette, útbouwe en weromjaan oan de bern. Behalve op skoallen hoopje ik ek lêswille te fersprieden op plakken dêr’t lêzen en selsfertrouwen net altyd fanselssprekkend binne, want lêswille is ek de springplanke nei libbenslok.”

Oer Linda de Haan

Linda de Haan (Burgum, 1976) is yllustrator en berneboekemakker. Yn 2000 ferskynde yn fjouwer talen tagelyk har earste printeboek ‘Kening & Kening’, dat se tegearre mei Stern Nijland makke. De Haan yllustrearre ferskate Fryske en Nederlânsktalige berneboeken en fersoarge û.o. yllustraasjes foar Tomke-boekjes. Ferline jier ferskynde ‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’, in berneboek wêrfan’t sawol it ferhaal as de yllustraasjes fan har hân binne. It boek waard selektearre foar de White Ravens fan de Internationale Jugendbibliothek München. De White Ravens binne oanbefellingen foar bysûndere boeken út de wrâld fan de ynternasjonale berne- en jeugdliteratuer.

Berneboeke-ambassadeur

Om ’e trije jier wurdt der in nije Berneboeke-ambassadeur beneamd, dy’t him of har ynset om lês- en boekewille te fersprieden. De Berneboeke-ambassadeur bringt dêrfoar berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk en jout de promoasje fan it berneboek in werkenber gesicht.

De Berneboeke-ambassadeur is in projekt fan Boeken fan Fryslân. Sjoch op www.berneboekeambassadeur.frl foar mear ynformaasje oer it projekt, of om de Berneboeke-ambassadeur út te nûgjen foar in skoalbesite of in lêzing.