Categorieën
Commentaar Nederland Politiek

KIESRJOCHT

Tsjintwurdich mei elkenien stemme. En sa heart dat ek. Dochs mei dat mar betreklik koart: pas yn 1919 wie it safier dat ek de froulju stemme mochten, neidat yn 1917 de manlu al it kiesrjocht krigen hiene. Ja, de froulju mochten yn 1917 al wol keazen wurde, dêrtroch kaam Suze Groeneweg dan ek yn 1918 yn’e Twadde Keamer foar de SDAP.

Mar formeel hiene wy foar 1917 it censuskiesrjocht: allinne de manlju mei in behoarlik ynkommen of kaptaal mochten stemme: ommers, wa’t belesting betelle mocht ek wol wat mei-kedize oer de besteging fan dat jild. Sadwaande publisearre de Ljouwerter Krante om 1900 hinne ek altiten in list mei “de Hoogstaangeslagenen in de Provincie”, minsken lieten mei graagte sjen hoe ryk as se wiene!

SDP (Sociaal-Democratische Partij), Afdeling Rotterdam, houdt het partijcongres in 1911 met: v.l.n.r. Sam de Wolff, Willem van Ravesteyn, Herman Gorter, David Jozef Wijnkoop, Louis de Visser, Gerrit Mannoury en J.C. Ceton.

(Boppedat wie dit ek in moaie gelegenheid om in goede houlikskandidaat te finen, want ja, jild trouwde wol mei jild fansels. En sa’n list mei nammen en wenplak liet moai sjen wêr’t de bouboeresoan ris in angeltsje útsmite koe; in brief kaam wol oer as er adressearre wie oan “Mejuffrouw Baukje Dijkstra, t.a.v. G. Dijkstra, landbouwer te Hantumeruitburen”. Ja, der wie noch gjin postkoade. En gjin Tinder, hin?)

Mar goed, it gong oer it kiesrjocht. Tusken 1870 en 1917 is der fûleindich striden foar it Algemien Kiesrjocht en wa’t dêr in grutte rol by spile wie fansels ús eigen Piter Jelles. Ommers, sa wie de gedachte, as de arbeiders stemme meie, dan stemme se op’e SDAP. Dat er him hjirmei fersinde, murk er pas nei 1920.

‘Politicus uit hartstocht’ uit 2010, door auteur Piet Hagen.

Der wiene om 1900 hinne in protte minsken dy’t fûnen dat “de gewoane man”, siz mar: de arbeider, net genôch ûntwikkeling hie om mei kedize te meien oer it bestjoer fan it lân. Men moast fansels wol in bepaalde kennis hawwe om bestjoerssaken goed ynskatte te kinnen! Fûnen dy minsken. En se moasten fansels ek in bepaald bedrach oan belesting betelje. Dat joech soms wat skeve ferhâldings: in rike boer sûnder in protte theoretyske kennis mocht sadwaande wol stemme, wylst in dûmny mei in leech traktemint nèt stemme mocht.

De learplichtwet kaam der pas yn 1900, oannommen mei 50-49 omdat in tsjinstanner fan’e wet, de ARP-er Francis David Schimmelpennick (ja, famylje!) fan syn hynder fallen wie en dêrtroch net stemme koe! Ja, yn’e polityk hiene se doe noch wol echte principes: de christelike partijen wiene soms tsjin in learplicht, salang as it christelik ûnderwiis net troch de steat betelle waard.

Spotprent Albert Hahn.

It sprekt foar himsels dat nei 1900 it tal minsken dat lêze en skriuwe koe hyltiten grutter waard en dan nimt ek de folksûntwikkeling ta. En de rop om algemien kiesrjocht. En ja, dat gie net hurd. Dat rike minsken en middestanders net op it algemien kiesrjocht sieten te wachten, meitsje de prachtige spotprinten fan Albert Hahn út 1908 en 1911 yn Het Volk wol dúdlik. Mar it is der wól kommen, yn 1917-1919. En dêrtroch hat no de BBB sa’n grutte oerwinning helle yn 2023! Soms, in inkele kear, tink ik noch wolris werom oan dat censuskiesrjocht…

© Liuwe van der Meer