Troch Liuwe van der Meer
Begjin jierren njoggentich hiest noch Gallerij Van Hulsen oan’e Nijstêd, een gallery dy’t útnoege der yn te rinnen, koest skilderijen besjen èn keapje, soms stie der moai kearamysk wurk, mar se ferkochten ek grafysk wurk, ik haw der noch in tal moaie Reinder Homan-etsen kocht. De saak wie djip en lang en kaam út op’e Beginestrjitte, dêr wie ek in lytse etalaazje.

Hiel populêr wiene doe de stillevens fan Jan van der Kooi, tige realistysk delskildere wurk, der hongen by Van Hulsen altiten wol in pear. Ik mocht der graach nei sjen, mar ja, goed en dus djoer.
It wie yn 1994, wy wennen al yn’e Grutte Tsjerkestrjitte, doe hong der yn’e etalaazje fan Van Hulsen oan’e Beginestrjitte in betreklik lyts stilleven mei in komke, in flesse en wat roazebottels, ik tochte earst dat it in Van der Kooi wie, mar it die bliken dat it fan in sekere Marten Sybesma wie, it wie noch nij, it jiertal 1993 stie by de tige fyn skildere signatuer; ik koe de namme net, mar it koste 900 gûne, en ik haw it kocht: in hàst-Van der Kooi, prachtich skildere, as wie it in klassyk stilleven út’e 17de iuw. It hat yn ús hûs in pear jier yn it treppenhûs hongen en doe’t wy yn 1996 nei Mantgum ferfearen, kaam it njonken de skoarstienmantel te hingjen en dêr hinget it nóch en wy binne der noait op útsjoen!

Op it stuit is der in útstalling fan it wurk fan Marten Sybesma yn it Martenahûs yn Frjentsjer en dêr haw ik juster west. Njonken stillevens skildert Sybesma ek graach auto’s, hy set se yn allerhande “settings” del yn it lânskip, yn allerhande formaten, mar benammen it formaat “grut”. Der hinget prachtich wurk, mar de gearstallers fan’e útstalling hawwe betocht dat se safolle mooglik skilderijen fan Sybesma sjen litte wolle, de wanden binne ticht behongen en dat hat ta gefolgen dat it wurk hiel ticht byinoar hinget, do kinst dy mei it each net fokusje op ien skilderij, want sjochtst hyltiten it skilderij der njonken, der boppe en derûnder! Overdaad schaadt, it kloppet. It wurk fan Helmantel en Huisman op in útstalling yn Warkum hinget njonken inoar, op in sekere ôfstân fan inoar, dan kinst better nei ien wurk sjen.

Om sjen te litten hoe knap Sybesma skilderje kin, steane en hingje der ek wat èchte dingen tusken, dat jout in moai effekt, in houten boartersguod frachtauto, in piperekje, de trúk passe se ek ta yn it Jopie Huisman-museum: de sjogger krijt noch mear bewûndering foar de skilderstechnyk!
It hie yn Frjentsjer moaier west it wurk fan Sybesma wat te fersprieden troch it museum: in piperekje op in wite wand wurket hiel oars as in piperekje tusken portretten, stillevens en lânskippen, sjochtst it piperekje hast net en sjochtst dus ek net sa gau hoe knap as it skildere is. En dan haw ik it net oer it feit dat fjouwer piperekjes ek wol genôch piperekjes binne. Om dan fan it èchte piperekje dertusken mar net te sprekken!

Omdat der gjin list mei wurk op’e tafels lei, moast om it jier fan skilderjen te achterheljen sykje op it skilderij sels en dat falt net ta, Sybesma sinjeart frij lyts, moast hast mei de noas yn’e ferve. Sûnder list mei jiertallen kinst de ûntjouwing fan’e skilder ek net goed neikomme. It measte wurk is fan nei 2000 en dan krijst noch mear wardearring foar dyn eigen skilderij út 1993: Sybesma wie doe noch mar 25 jier, en hy koe doe al ferdomd knap skilderje!