Troch Jan Braaksma
Oan dy wurden moast ik moandeitemoarn yn Ljouwert tinke doe’t ik oanskikte by it koart pleit fan direkteur Dirk Jan van der Woud tsjin de KNKB. Ik haw mei grutte ferbjustering nei it tonielstikje sjoen fan twa mannen yn it swart te witte de abbekaten De Vries en Kingma. Toanielstikje. Want mear wie it feitlik net. Beide mannen bepaalden op oantrunen fan rjochter Titus Hoogslag it tempo fan it koart pleit. Rjochter Hoogslag, pakesizzer fan âld-PC-foarsitter Master Klaas Bijlsma, woe him feitlik net te drok meitsje en liet it wurk graach oer oan beide abbekaten.
De fragen dy’t hy stelde wienen op de fingers fan ien hân te tellen. Hy liet tusken noas en lippen wol witte dat sokke saken bakken mei jild kostje. Dus frege hy oan beide abbekaten oft der noch romte wie foar oerlis sadat hy gjin útspraak hoefde te dwaan. Dat wie wol in tûke set fan Titus want ja alle smoarge wask lei fansels al op strjitte. Koartsein: It tsjinstferbân mei Dirk Jan van der Woud wie trije kear neat west. Der doogde fan alles neat. Hy mocht noch de prizen útrikke op de Aldehou mar dat wie it ek wol. Van der Woud koe absolút net wer werom…Dat moat Dirk Jan dochs sear dien hawwe as je sa publyk ôfmakke wurde. Ik tink dat hy nachts noch wolris gillend wekker wurd fan “freon”Jan van Erve. Want hy is de man dy’t him as earste by de dyk setten hat.
Dat neamt him dan freon! Rjochter Hoogslag liet ek witte dat sa’n saak allinne mar ferliezers telt en gelyk hat hy fansels. Want hie it net oars kinnen. Snein wie der ommers noch oerlis west tusken De Vries en Kingma mar net ien woe bûge en dan krije je dit. En dan witte je dat je ek wer dy ferfelende jonges fan de parse tsjin komme want dêr hat us Keninklike Bond in protte muoite mei. Gewoan goeie sizze is al in grut probleem mar se snappe net dat se troch neat te sizzen dêr sels de oarsaak fan binne. Ja dy jonges en famkes fan de bond sieten der by as suertsjes by de boadskippen. Famke Palma hie it drok mei har laptop en foarman Coos Veltman woe wol ûnder de tafel krûpe. En Adje interim Jan van Erve wie drok mei briefkes, wêr’t nei alle gedachten syn oeren opstienen dy’t hy noch deklarearje moat by de bond.
Lês fierder fia: https://kaatsen.nl/2025/11/prutswurk/