Troch provinsje Fryslân
Ut de ImagoMonitor Fryslân 2025, dêr’t goed 4.000 ynwenners, net-Friezen, studinten en ûndernimmers oan meidien hawwe, docht bliken dat Fryslân posityf beoardiele wurdt as plak om te wenjen, te wurkjen en te studearjen. Tagelyk sinjalearje sy punten fan omtinken op it mêd fan banen en berikberens.
Fryslân wurdearre om libbenskwaliteit
Fryslân wurdt breed wurdearre om de rêst, romte, natuer en betelbere wenningen. Ek studinten binne posityf: hast 90% befellet Fryslân oan as plak om te studearjen en twa tredde fan de Fryske studinten ferwachtet dat se yn de provinsje bliuwe om te wenjen en te wurkjen. Ek bedriuwen sjogge kânsen: in fearns fan de net-Fryske bedriuwen oerwaget him hjir te fêstigjen.
Arbeidsmerk en berikberens bliuwe oandachtspunten
It ûndersyk lit sjen dat der útdagingen binne. De arbeidsmerk wurdt troch net-Friezen leech beoardiele en de jongerein hat beheinde trochgroeimooglikheden. De berikberens, benammen rjochting de Rânestêd en Noard-Fryslân, bliuwt in punt fan omtinken. Dêrneist wurdt de Fryske taal troch ynwenners as krêft sjoen, mar kin foar nijkommers somtiden in drompel foarmje.
Deputearre Friso Douwstra: “Fryslân heeft een sterk en herkenbaar verhaal. We willen echter laten zien dat Fryslân niet alleen staat voor traditie, folklore en trots, maar óók voor innovatie en toekomstgerichtheid. We zijn dé Circulaire Regio en de hoofdstad van Watertechnologie. Samen met onder meer de Economic Board Fryslân (in oprichting), Merk Fryslân en Planbureau Fryslân werken we aan een sterk en eigentijds ‘verhaal van Fryslân’.”
Kânsen foar de takomst
De resultaten fan de ImagoMonitor binne in weardefolle basis om Fryslân fierder te profilearjen as regio dêr ’t wenjen, wurkjen en ûndernimmen goed byinoar komme. It dielûndersyk is in ferfolch op de brede ImagoMonitor fan 2024 en helpt beliedsmakkers en ûndernimmers om bewust te kiezen foar saken dy’t de provinsje noch oantrekliker meitsje