Categorieën
Cultuur Financiën Fryslân Geschiedenis

Fryslân toant pracht fan histoaryske interieurs

(tekst: provinsje Fryslân)

De Stichting Interieurs in Fryslân krijt in subsydzje foar ien kear fan 40.000 euro. Mei it jild kin de stichting yn de hiele provinsje in ynventarisaasje fan histoaryske en weardefolle ynterieurs fan partikuliere wenhuzen en pleatsen yn Fryslân dien meitsje. Sy pleatse de fynsten yn in online database dêr’t elkenien se yn besjen kin. In wichtige bydrage om it ‘Ferhaal fan Fryslân’ te behâlden en út te wreidzjen, ek wêr’t dat somtiden fan de bûtenkant minder sichtber is.

Yn Fryslân hawwe in soad huzen en pleatsen in rike skiednis. Krekt as by beskerme monuminten giet de kennis net fierder as de bûtenkant fan dizze gebouwen. Oer har binnenkant – it ynterieur – witte wy hast neat. Stichting Interieurs in Fryslân wol dat feroarje!

De earste faze fan it projekt, dêr’t de provinsje Fryslân in startsubsydzje foar jûn hat, is klear. Dêrby giet it om in ynventarisaasje fan likernôch 6.000 objekten. Yn de twadde faze wurde nochris 4.000 gebouwen ynventarisearre. Dêrby giet it om wenhuzen en pleatsen yn de gemeenten yn it súdeasten en noardeasten fan de provinsje en op de eilannen. Dizze unike ynventarisaasje wurdt oant op no ta allinnich yn de provinsje Fryslân dien en it wurdt as in lanlik foarbyld steld.

Deputearre Klaas Fokkinga sprekt fan in wichtige stap foarút: “De skiednis fan histoaryske monuminten beheint him net ta de moaie bûtenkant. Krekt ûnder de ynterieurs binne histoaryske peareltsjes. Mei dit projekt wurde dy einlings foar elkenien sichtber.” It projekt moat úteinlik liede ta mear draachflak foar it behâld fan dit type erfgoed.