Categorieën
Energie Fryslân Politiek Protest

Fryske oerheden yn berop tsjin gaswinningsfergunning Akkrum

Troch provinsje Fryslân

De Fryske oerheden geane yn berop tsjin in troch de minister fan Klimaat en Groene Groei (KGG) ferliende winningsfergunning foar it gasfjild Akkrum. Dit berop folget neidat de steatssekretaris it Fryske beswier yn july 2026 ûnbegrûne ferklearre hat.

De steatssekretaris wol de beoardieling fan risiko’s en gefolgen fan gaswinning pas letter dwaan by de proseduere fan it winningsplan. Fryslân fynt dit de omkearde folchoarder en tinkt dat it boppedat tsjin it eigen ryksbelied (Mijnbouwwet) yngiet.

Grien ljocht foar gaswinning yn feangreidegebiet is freegjen om problemen

As it oan de steatssekretaris leit hat Vermilion Energy B.V. dus no al wol grien ljocht om de gaswinning fierder ta te rieden sûnder dat de risiko’s en gefolgen foldwaande ûndersocht binne. Artikel 9 fan de Mijnbouwet bepaalt dat in winningsfergunning wegere wurde kin as in gebiet fanwegen feilichheids -, skea -, miljeu- of natuerbelangen net geskikt is foar de oanfrege aktiviteit. Wat Fryslân oanbelanget is dêr yn feangreidegebiet sprake fan.

Deputearre Friso Douwstra; “Wy hawwe as Fryske oerheden yn de fazen fan advys en beswier wiidweidich ûnderboud dat it gebiet Akkrum ûngeskikt is. Dit fanwege de oanwêzigens fan kwetsber feangreidegebiet, autonome boaiemdelgong, de needsaak om wetterpeilen te ferheegjen, risiko’s foar de wetterhúshâlding en wichtige drinkwetterbelangen. Gaswinning yn feangreidegebiet liedt ta steapele problemen dy’t net mear te kearen binne. Fia it berop freegje wy no oan de rjochtbank oft de steatssekretaris de prosedueres op goede wize útfiert en foldwaande motivearret.”

Friese Mijnbouwtafel tsjin gaswinning ûnder lân

Alle Fryske oerheden binne fertsjintwurdige yn de Friese Mijnbouwtafel en tsjin gaswinning ûnder lân. De oerheden gripe as it nedich is juridyske mooglikheden oan om troch sjenswizen, beswier en berop ynfloed út te oefenjen op plannen en beslútfoarming dêr’t Fryske belangen by spylje.

Oangeande de proseduere winningsfergunning gasfjild Akkrum sil de provinsje Fryslân (foarsitter Friese Mijnbouwtafel) no yn berop en docht dat mei út namme fan Wetterskip Fryslân en de gemeenten Fryske Marren, Smellingerlân, Hearrenfean, Súdwest-Fryslân, Eaststellingwerf, Opsterlân, Ljouwert. It gasfjild Akkrum leit ûnder al dizze gemeenten.