Categorieën
Cultuur Fryslân Geschiedenis

FRIEZEN NEI AURICH

De tiisdei nei Pinkster, dit jier op 30 maaie, is fanâlds de dei dat Friezen fan alle wynstreken byinoar komme by de Upstalsboom yn Aurich om de âlde Fryske Frijheid te betinken en de ferbining fan Westerlauwersk, West-Fries, East-Fries en Noard-Fries mei-inoar te fieren. Dat bart mei in pear koarte taspraken, mei muzyk en fansels mei in noflike gearsit neitiid.

Ferline jier giene wy mei in busfol Friezen dy kant út om mei-elkoar by dit bysûndere barren oanwêzich te wêzen. Dat wie net allinnich tige gesellich, mar ek yndrukwekkend. Dêrom ha wy yn gearwurking mei de JongFryske Mienskipe (JFM) besluten om dit jier op ’e nij dizze reis te organisearjen.

It programma is sa:

12:00 oere Ofreis (opstappe Hearrenfean, dêrnei 12.30 Ljouwert en 13.00 Drachten)

14:30 oere Utstapke ûnderweis

17:00 Yn ’e bus rjochting Upstalsbeam

18:00 Betinking

19:30 Noflike neisit yn ‘die Kneipe’,

22:00 Yn ’e bus op hûs oan

De kosten lizze op € 30 de man. Iten en drinken binne foar eigen rekken.

Wolst mei? Jawis!

Oanmelde kin oant en mei snein 7 maaie, by Alfred Plantinga (wetterhoun@i-cloud.com) of by my (martsjedejong@gmail.com). Freegje gerêst jim oare helte, freonen of kunde ek, as jim tinke dat dy hjir ek by wêze moatte. By opjefte graach even jim namme(n), e-mailadres en eventueel telefoannûmer trochjaan (is soms handich, ha wy ferline jier fernommen).

Opjaan is betelje, dat moat der al even by sein wurde, mar dat is fansels logysk.

Graach oant sjen op 30 maaie!!!