Categorieën
Fryslân Politiek

FNP STJOERT BRIEF OAN FORMATEUR BROUWER

(tekst: FNP Steatefraksje Sijbe Knol, foarsitter)

Formateur Brouwer hie alle partijen om ynput frege foar de ûnderhannelingen tusken de formearjende partijen. De FNP hat juster har programma en de taheakke brief takkome litten.

Ek yn ús nije rol bliuwe wy ús ynsetten foar Fryslân. Foar in libbend lânskip, mei goede foarsjenningen en foar in berikbere regio wêr’t minsken thús binne.

Ljouwert, 26 april 2023

Rju achte formateur Brouwer,

Yn jo brief fan 14 april hawwe jo de Steateleden oproppen om harren ynspirearjende ideeën foar de takomst fan Fryslân te dielen mei jo, as formateur.

Taheakke stjoere wy jo ús programma en ideeën oer hoe’t de FNP fynt dat it fierder moat mei ús moaie provinsje. Wy tinke dat de formearjende partijen dêr in soad ynspiraasje út opdwaan kinne foar de kommende bestjoersperioade. Derneist ljochtsje wy ek noch in pear saken ekstra ta. Saken dy’ t foar ús as FNP wichtich binne.

Formateur Brouwer.

Natuer en lânbou: Wy sjogge dat der in falske tsjinstelling oerein hâlden wurdt op de utersten fan it politike fjild. In tsjinstelling, dy’ t in wurkbere en takomstbestindige lânbou mei in sûne natuer yn it paad stiet. Wy dogge dêrom mei klam de oprop oan de formearjende partijen om de problematyk net foarút te skowen of te ûntkennen, mar benammen yn Fryslân ek foarop te rinnen yn de transysje dy’ t plak fine sil. Fryslân sil de lânbouprovinsje wêze mei in sûne natuer en skjin wetter. Der is moed foar nedich.

De striid om de romte: NOVEX, de Lelyline, FPLG, it opwekken fan enerzjy en de útdagings op it mêd fan klimaat, dat sil allegearre fan ynfloed wêze op de beskikbere romte en de yndieling fan ús moaie provinsje. Wy tinke dat in warskôging hjir op syn plak is: it lânskip kin mar ien kear ferrinnewearre. De lêste 12 jier hat de provinsje bygelyks in wyldgroei oan sinne- en wynparken op lân keare kind. Bliuw wach op it behâld fan ús lânskip! Wa’ t de provinsje útrydt troch de polder of oer de Ofslútdyk sjocht hoe’ t it net moat. Itselde is it gefal foar de Lelyline yn kombinaasje mei de syktocht fan de ryksoerheid nei nije lokaasjes om de lanlike wentebou- opdracht te realisearjen. It mei dúdlik wêze, dy plannen smeitsje ús min.

FNP-foarman Sijbe Knol

Wenjen en leefberens: Yn de ôfrûne perioade binne de gemeenten mear en mear oan set kaam as it giet om it realisearjen fan wenningen. De provinsje hat de rezjy mear oerlitten oan de gemeenten. Dat is ek goed. Gemeenten stean tichtby de ynwenners en witte wat goed en nedich is. In strangere provinsjale rezjy-rol soe dan ek in grutte flater wêze. Us oprop is om troch te setten mei dizze oanpak: iendrachtich op te arbeidzjen mei de gemeenten en harren wêr’t dat nedich is te fasilitearjen. De ynhâld fan de Fryske wendeal tusken gemeenten, provinsje en de minister fan 17.500 nije wenningen oant 2030 is yn dat ljocht reëel.

As it giet oer de leefberens dan fine wy dat in kearntaak fan de provinsje as oerheidslaach. De ôfrûne jierren is der rom op ynvestearre. Dêr moatte wy mei trochgean. Wy moatte ek each hawwe foar de regionale mobiliteit. Minsken yn Peazens-Moddergat of Wytgaard moatte ek op skoalle of op it wurk komme kinne. Dat freget in provinsje mei lef en in krêftiger optreden yn De Haach. De tiid fan one size fits all moat oer wêze, sa’t trije advysrieden ein maart ek al witte lieten oan it kabinet. Regelje dat mobiliteit in basisfoarsjenning is, en in rjocht.

Taal en kultuer: Fryslân is mei syn taal en kultuer unyk. By in krimpende begrutting is wolris oppere om te snijen yn de posten taal en kultuer. De FNP wol de formearjende partijen derop wize dat it by in soad taken op it mêd fan de Fryske taal en kultuer om ferplichtingen giet, sawol strikt juridysk fêstlein yn nasjonale en ynternasjonale wetten, mar ek morele ferplichtingen tsjinoer ús ynwenners. Yn in tiid dat bern noch hieltyd fan skoalle komme as analfabeet yn harren taal fan it hert, moatte wy trochsette en koers hâlde mei it Taalplan Frysk. Wy ferwachtsje dat de Provinsje Fryslân ynkoarten yn de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) ambisjeuze ôfspraken fêstlizze sil mei it Ryk. De FNP beklammet boppedat dat de soarchplicht fan de provinsje him ek útstrekt ta de oare talen fan Fryslân, lykas it Biltsk en it Stellingwerfsk.

Ta beslút: De FNP Steatefraksje sil de útkomsten fan de ûnderhannelingen op syn merites besjen. Op in soad saken sille wy it aanst nei ferwachting wol iens wêze kinne, op guon saken mooglik ek net. Wy sille de formearjende partijen skerp hâlde. En as de partijen op de stipe fan de FNP rekkenje wolle, dan soe it goed wêze as sy ús programma goed lêze en dêr saken út oernimme. De FNP Steatefraksje is altyd ree foar in petear.

Wy winskje jo as formateur en de partijen in soad wiisheid ta en op syn tiid ek net te min wille. Mochten de ûnderhanneljende partijen mear eksimplaren fan ús programma nedich wêze, dan binne dy beskikber fia ús fraksjekantoar.

FNP Steatefraksje Sijbe Knol, foarsitter