Parseberjocht FNP
De FNP (Fryske Nasjonale Partij) wol meidwaan oan de lanlike ferkiezingen op 29 oktober. Twadde Keamerlid Aant Jelle Soepboer fan Nijewier is de kandidaat-listlûker. It plan wurdt op
30 augustus oan de leden foarlein. ‘’It politike klimaat is guenstich foar de FNP’’, seit foarsitter Jan Arendz. ‘’It is no of te ninter. It
betrouwen yn lanlike partijen is hystoarysk leech. In soad kiezers sweve en ha ferlet fan sûn ferstân.’’
Boppedat is mei partij-prominint Aant Jelle Soepboer in poer geskikte kandidaat-listlûker fûn. Soepboer is in charismatyske lieder, hat ûnderfining yn de Twadde Keamer en is yn en ek bûten Fryslân in bekend gesicht.
Soepboer wol him ynsette foar de leefberens yn de regio en hat trije spearpunten:
1. De ynfestearingslogika fan it Ryk moat oars, de regio hat te lang in Haachske businesscase west
2. De striid om de romte, fan wenjen oant lânskip
3. De minsklike maat en ‘ús wize fan libjen’
‘’Lit dy oare 148 sitten mar mei inoar harsenskrabje en har drok meitsje om alles wat fier fuort bart’’ seit Soepboer. ‘’Ik wol my mei minimaal twa sitten ynsette foar tichteby, foar ús, foar jo! Wy komme der oan!‘’ It folsleine ferkiezingsprogramma en de kandidatelist wurde de kommende wiken útwurke.

De FNP wol selsstannich meidwaan. Sa kin de partij foar 100 prosint opkomme foar de belangen fan Fryslân en de oare regio’s. It boadskip fan it plattelân sil minsken dêr ek oansprekke. De FNP wol dêrom meidwaan yn alle 20 Nederlânske kiesdistrikten. As de FNP in Keamersit hellet, soe it de earste kear wêze dat in regionale partij dêr yn slagget.
Oer de FNP
De FNP, oprjochte 1962, is ien fan de âldste partijen fan Nederlân. De partij sit sûnt 2011 yn it kolleezje fan Deputearre Steaten. Sijbe Knol is al wer de tredde deputearre en Johannes Kramer is de tredde FNP-boargemaster. De partij hat yn gemeenten op dit stuit 10 wethâlders
en 50 riedsleden.
Ek senator Auke van der Goot (OPNL) is in FNP’er. Foar him sieten Hindrik ten Hoeve en Gerben Gerbrandy yn de Earste Keamer.
De FNP is mei-oprjochter fan de EFA, de European Free Alliance. Dizze partij mei 8 sitten yn it Europarlemint bestiet út 40 regionale partijen lykas dy fan de Flamingen (N-VA), de Katalanen en de Skotten. FNP’er Frank de Boer is vice-foarsitter fan de EFA. Sjoch foar mear skiednis oer de partij op ús webside: https://www.fnp.frl/us-ferhaal-2/