Troch Jacob Stelwagen op OmropFryslân.nl
Neam it gerêst in bysûndere literêre fynst. Sa’n 150 jier nei it ferskinen fan it ferneamde ‘Rimen en Teltsjes’ binne der nije teksten opdûkt fan de trije skriuwende bruorren Halbertsma út Grou.
De fynst is dien troch Philippus Breuker, âld-heechleraar Fryske Taal- en Letterkunde oan de universiteit fan Leiden. Hy fûn sechstich ûnbekende, noch net publisearre teksten yn argiven fan Tresoar en partikulieren.
De bruorren Halbertsma libben yn de 19de iuw. Elk fan harren hie in feardige pinne te hawwen, sa dei bliken. Harren meast bekende, mienskiplike wurk is titele ‘Rimen en Teltsjes’.
Fan de trije bruorren is Eeltsje nei alle gedachten de meast bekende. Hy skreau yn 1829 it Frysk Folksliet.
‘Rimen en Teltsjes’ waard in klassiker yn de Fryske literatuer. Dat der noch tsientallen net publisearre teltsjes wiene, is in grutte ferrassing.
Lês fierder fia: https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/17631291/bysundere-fynst-150-jier-alde-teksten-fan-ferneamde-grouster-skriuwers-fun