Categorieën
Columns

BUGATTI

Ik haw wolris earder wat skreaun oer modelauto’s en wat in man der ta driuwt om dy dingen te meitsjen. Ja, it is in mannehobby; as myn frou (dy’t it ek altiten hat oer “modelautokes” en dat seit genôch) har oer myn noeste arbeid hinnebûcht wol se wolris “broembroem” sizze en ek dat seit genôch. Nee, ik haw har de pincet noch noait yn’e noas treaun, myn hân trillet dan wol, mar ik wol noch net yn’e krante as “LvdM” yn in moardsaak.

Men is fan’e dyk, no? Lekker piele, muzykje op’e eftergrûn, en dan wat snije, fervje, skroevje, lymje en yn dit lêste en nijste Bugatti- projekt: op’e grûn omkrûpe op syk nei dat ferrekte fuortspatten ûnderdiel dat fansels krekt wer yn in kier tusken de planken fallen is. Want dat is in probleem by in modelbouwer-op-jierren: de motoryk.

Sjoch, skaal 1:12 is grut en de fabrikanten miene dan dat se ek elk kraantsje, elk slankje, elk skroefke ek yn dy skaal yn it model stopje moatte. Hawwe jo wolris in kraantsje boppe op in motorblok lime op skaal 1:12? 3 mm grut? Mei in pincet is men hast mei it kraantsje te plak, de lym sit der krekt oan en dan drukt men by fersin wat te fûl op’e pincet en dan spat it kraantsje fuort. It giet sa hurd, men sjocht net iens wêr hinne. It is 3 mm grut, hin? En dan sjochtst ynienen, yn it ljocht fan’e boulampe dy’tst der mar byhelle hast, hoe stoffich it op dy houten flier is!

Bugatti-dielen. © Liuwe van der Meer

Oant no ta haw ik mar ien ûnderdieltsje net wer werom fûn, dat haw ik dus bijmeitsje moatten, mei in drip ferve sjochtst der neat fan. Ik wol it net hawwe oer dy lytse slankjes, dy binne fan silikoanerubber, dêr wol gjin lym op hâlde. En omdat it model gloednij is, hat de fabrikant noch gjin klachten krige oer fouten yn’e boubeskriuwing, oer de folchoarder fan it te plak bringen fan’e ûnderdielen: soms kinst der mar amper by ast twa stankjes achter de motor lymje moast.

Bugatti! De raceauto’s fan no binne hast allegearre gelyk, mar yn’e begjintiid fan it racen hiene de auto’s noch in eigen persoanlikheid! Dizze Bugatti waard tekene yn 1924 en jilde destiids as it moaiste ûntwerp op’e racebaan. Hy koe hurd! Wol 210 km yn’e oere! De motor wie in wûnder fan technyk, hy siet sûnder pakkingen yninoar, sa krekt wiene de ûnderdielen makke. Okee, it starten wie in krym, en der wie ek gjin stjoerbekrachtiging en de remmen wiene gewoane trommelremmen, op elk tsjil ien, mei in remwei fan 150 meter, mar it racen wie in avontoer! En it op skaal neimeitsjen ek, haw ik fernommen. Wol in moai avontoer! Broembroem! En men is fan’e dyk, hin? Jûn dochs mar efkes stofsûgje.

© Liuwe van der Meer