Categorieën
Commentaar Mondiaal Politiek

ABE DE VRIES: SHITLIBS

‘Analyses’ yn NRC, de Volkskrant en Trouw oer de oarloch yn Oekrayne en de westerske stipe foar dat lân binne ûnderling ynwikselber en de namme net wurdich.

‘Steun’ betsjut nije oarders foar Amerikaanske wapenfabriken en nije wapenleverânsjes, al of net út besteande NAVO-foarrieden – dan kinne dy aansen ek wer oanfolle wurde mei nije oarders foar Amerikaanske wapenfabriken. En ‘kan weer vooruit’ betsjut dat Oekrayners noch yn alle gefallen oant de Amerikaanske presidintsferkiezingen fan novimber sneuvelje meie foar Biden syn Demokraten. Mar soks stiet net yn ‘e krante.

En wat sil Oekrayne keapje kinne foar 60 miljard? Net folle artillerygranaten dêr’t sa’n ferlet fan is, want dy binne yn it Westen ‘in short supply’ en grutte foarrieden earne oars keapje slagget net. In pear Patriot-loftôfwarsystemen, dy’t Ruslân achterinoar stikken sjit. Wat atacms-raketten om Russyske boargers yn Belgorod en Donetsk te bestoken mei yn 130 lannen ferbeane clusterbommen dêr’t noait oer berjochte wurdt. In tank hjir en in tank dêr.

Foar de útkomst fan de oarloch makket dy stipe neat út, foar de oantallen deaden wol. In pear moanne derby, dat binne samar 20.000 oant 30.000 ekstra Oekraynske jonges it hoekje om. Mar dat fertelle ús shitlib kranten der net by. Controlling the narrative, hjit soks yn spindokterfaktaal. Sadat jo mar braaf trochbetelje oan in folslein mislearre Ostpolitik.

Sjoch ek op de Facebookpagina fan Abe de Vries:
https://www.facebook.com/abe.devries1