Trump wist as gjin oar ‘de angst voor een veranderende wereld te exploiteren’ (Trouw). ‘Trumps christenen verliezen hun geloofwaardigheid’ (Trouw). Alle learlingen binne foar Harris, ‘dat krijg je op een gymnasium’ (Volkskrant). Trump krijt ‘veel ruimte om tegenstanders te vervolgen’ (NRC). ‘De wereld moet zich schrap zetten na Trumps overwinning’ (NRC).
Ik tocht, de sjoernalistyk moat heechnedich by himsels te riede gean nei Trumps oerwinning. De demonisearring fan Trump rûn yn de Nederlânske ‘kwaliteitskranten’ alle spuigatten út. De man mei dan in idioat wêze, Biden wie senyl, dat wêrom dy iensidichheid? Newsflash: de baas bliuwt toch de uniparty, de deep state, it militêr-yndustrieel kompleks, it oaljemonopoaljekaptaal, watfoar antydemokratyske klup jo politike kleur ek mar oansprekt. Tsjinstanners ferfolgje, die Biden dat net? Mei Trump? Nee, de wrâld hie him skrap sette moatten as Harris wûn hie. Dan hie de oarloch yn Oekrayne, dy’t no wierskynlik takom jier wol klear wêze sil, noch fiif jier duorre. Mei itselde resultaat, in Oekraynske kapitulaasje, mar mei folle mear deaden.
De makke fan it journaille yn A’dam is dat de demokrasy inkeld wint as hár man of frou wint. De makke fan it journaille yn A’dam is dat se mear as de helte fan de Amerikaanske befolking delsette as lytse bern, domme oksessen of gefaarlike nepperts. De makke fan it journaille yn A’dam is dat se deselde misjonêre sindingsdriuw hawwe dêr’t de U.S. of A. de wrâld al in hiele lange tiid mei kolonisearret. Us sjoernalisten binne allegear lytse Amerikaantsjes wurden. Sûnder Washington witte se har gjin ried. Sûnder Demokraten yn it Wite Hûs fergiet de wrâld. Sjochris hoe’t oeral op Facebook it Frijheidsbyld de hannen foar de eagen slacht. Like me, like me please!
Lês fierder op: https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2024/11/europa-europa-europa.html