Op Mavo Nijlân wie Sinterklaas ien fan’e offisjele feesten yn it jier, mei de krystsportdei yn Sporthal Nijlân in fêst anker yn’e jierkalinder. Ik haw der earder oer skreaun yn 2019, dat is al wer seis jier lyn, in pear foto’s kin ik no wol wer opnij sjen litte.

De foto’s binne allegear fan ein tachtiger, begjin njoggentiger jierren, de bern fan doe wachtsje no yn it wykein op harren pubers dy’t te stappen binne en in inkeldenien is al pake of beppe, dy wiene der sels ek betiid by.

Nei de fúzjes binne sokke feesten meastentiids ferdwûn, “se kostje tefolle tiid, nimme te folle lesoeren”, hearst it de managers sizzen. Dat sokke mienskippelike feesten hiel belangryk wiene foar de koheezje binnen de skoalle, dat seagen sokke mannen (it wiene meast mannen) net, boppedat: managers hawwe gjin humor.
De diskusje oer Swarte Pyt spile doe net, ik haw ek sels aardich wat bern swartmakke, yn’e letterlike sin fan it wurd. Myn kreaasje as swarte Sinterklaas hat gjin neifolging fûn en dat is spitich, want dan hie men de rollen omdraaie kind.

Mar it Sinterklaasfeest wie in hichtepunt fan meiinoar ien. En wat seach it lokaal derút, nei ôfrin. Sommigen makken prachtige surprises; ik krige fanwege myn tanimmende kealheid ris in prachtige, neffens my haakte prúk-mei-mûtse, fan Anneke Jepma en Geertruida Jorna, wat hiene se der in wille fan hân! Myn bern hawwe der letter wol mei boarte, mar wy hawwe him yn in goarre fan oprêden fuortdien. Ik hie him noch wol graach ris drage wold..