Categorieën
Columns Fryslân Taal

ABE DE VRIES: READE KAART

De Fryske Beweging hat it foarelkoar krigen. Of him yn ’e sek naaie litten troch de Leeuwarder Courant? Yn alle gefallen: der hat wer in kreauwerijke west oer Hollânsk fersus Frysk. Wêrom prate jo Hollânsk, soks frege op ’e Fedde Schurer Lêzing fan 15 novimber immen út it publyk oan Sylvana IJsselmuiden. Aktrise Sylvana lilk, stikje yn ’e krante, mission accomplished.

Tiden hawwe tiden. My heucht de tiid dat immen dy’t yn it iepenbier Frysk prate, steefêst ûnderbrutsen waard troch de sprekwurdlike koloniale Nederlanner yn ’e seal. De Nederlanner dy’t noch net hielendal multykultureel en divers genôch wie, en dy’t op hege toan easke dat it yn it Hollânsk moast, want wy wiene ommers allegear Nederlanners, nou dan.

De omkearde herry fan 15 novimber, dêr stjoerde de organisaasje (Fryske Beweging, Fryske Akademy en LC) blykber op oan. Yn de promopraatsjes foarôf waard ús berjocht dien dat ‘de Friese identiteit bevrijdend en belastend’ wurket yn ús tiid ‘van globalisering (en) groeiend conservatisme’. Kulminearjend yn in bytsje in beukerskoallefraach: ‘Ben je dan trots op het land of de streek waar je bent opgegroeid?’

De organisaasje koe goed begripe dat strider Fedde Schurer ek (lykas wy?) ‘een moeilijke relatie met het Friese had’, der wiene nóch belangrikere saken yn it libben. De organisaasje hie it oer in ‘worsteling voor velen; tussen afkomst, herkomst en toekomst en hoe deze inelkaar overlopen’. En no hiene se dus it Hollânsktalige mediafenomeen Joost Oomen en de Hollânsktalige Tiktokster-yn-it-ûnlân Sylvana frege om – op in tradisjonele bewegersdei – de Friezen ris foargoed te ferdútsen – yn it Hollânsk – hoe’t it koe dat se har likegoed ‘Frysk’ fielden.

It boadskip? Yn de globalisearre wrâld fan hjoeddedei moatte wy ús ‘Fryske identiteit’ net langer sa oerkonservatyf oan de Fryske taal ûntliene. Dêroan fêst te hâlden soe mar tsjûgje fan, tsja, in soarte fan achterlikheid. Blykber is dat it kwasy-progressyf boadskip dat de Fryske Beweging op ’t heden graach útdrage wol.

Dat de Fryske Akademy en de Leeuwarder Courant har derachter setten, dat hoecht jin gjin nij te dwaan. Foar de Akademy is de Fryske taal in wittenskiplik stúdzje-objekt, gjin libbene praktyk. Foar alle kranten is de Fryske taal lestich foar de ferkeap, in protte lju dy’t o sa foar diversiteit binne lêze leaver gjin Frysk. Of kinne it net.

Mar krekt de Beweging hie fij wêze moatten fan dizze giftbeker. Yn stee fan de bân tusken folk en folkstaal te ferbrekken, hie de Fryske Beweging it probleem ek oars ynstekke kinnen. Troch ‘mienskip’ del te setten as in plak fan ûnderhanneling. Fan in wérklik petear tusken Frysk en Hollânsk. In plak dat Hollânsktaligen net al op foarhân in ekskús jout om de folkstaal net ferstean, prate en lêze te hoegen; in plak dêr’t beide partijen ferantwurdlik binne, yn in provinsje dy’t skaaimerke wurdt troch ûnlykweardige meartalichheid, foar in respektfolle sosjale omgong.

O, en dan dy ‘Fryske identiteit’. Ik moat der hast fan koarje. It selsbewustwêzen dat wy út gemaksucht sa neame is yn werklikheid in algeduerich feroarjend fjild fan sosjale identifikaasjes. Dat it Frysk op dat fjild de foarhoede langer net wêze kin, dat mei hinnebruie. Mar dy reade kaart op 15 novimber, dat hie sa net hoegd.