Categorieën
Beleid Fryslân Sociaal Vervoer

Op ‘e nij subsydzje foar plannen foar ferfier yn Fryslân

Troch provinsje Fryslân

Organisaasjes yn Fryslân kinne op ‘e nij subsydzje oanfreegje foar plannen dy’t ynwenners helpe om makliker op paad te gean. Tink oan in dielauto, in duofyts of oar ferfier dat minsken yn harren doarp of wyk mei-inoar organisearje. Provinsje Fryslân stelt hjirfoar €718.000,- beskikber.

Net elkenien hat in eigen auto of kin maklik mei it iepenbier ferfier reizgje. Dêrtroch is it soms dreech om boadskippen te dwaan, famylje of freonen te besykjen of mei te dwaan oan aktiviteiten. Mei de regeling Fryslân Underweis helpt de provinsje Fryslân organisaasjes dy’t hjirfoar in oplossing betinke.

Deputearre mobiliteit Matthijs de Vries: “Elkenien moat meidwaan kinne, ek as je net samar eigen ferfier hawwe. Yn doarpen en wiken witte minsken faak sels hiel goed wat der nedich is. Mei Fryslân Underweis helpe wy om sokke lokale ideeën fan ’e grûn te krijen.”

Fan dielauto oant duofyts

Ferieningen, stichtingen, koöperaasjes en tsjerkegenoatskippen kinne subsydzje oanfreegje foar plannen dy’t passe by harren doarp of wyk. Provinsje Fryslân betellet maksimaal 90 prosint fan de kosten, oant €70.000,- foar elk plan. By de earste subsydzjerûnte krigen 23 plannen subsydzje. It gie ûnder oare om dielauto’s, duofytsen en in fytspontsje.

In wichtige betingst is dat it ferfier ek op langere termyn bestean bliuwe kin. Dêrom moat der in goed plan wêze foar de organisaasje en moatte der genôch minsken wêze om it ferfier te regeljen.

Help by de oanfraach Organisaasjes dy’t in idee hawwe, kinne help krije by it útwurkjen fan harren plan en it oanfreegjen fan subsydzje. De projektadviseurs fan it Iepen Mienskipsfûns (IMF) tinke graach mei. Mear ynformaasje oer de regeling en it oanfreegjen fan subsydzje stiet op Subsidieregeling Fryslân ûnderweis | Provincie Fryslân. Foar in oanfraach is eHerkenning nedich