Categorieën
Financiën Fryslân Landbouw Niet gecategoriseerd

€3 miljoen beskikber foar ynnovative gearwurkingsprojekten yn de Fryske lânbou

Troch provinsje Fryslân

De provinsje Fryslân stelt opnij de subsydzje Samenwerken aan innovatie EIP iepen foar ynnovative projekten yn de lânbousektor. Fan 22 juny oant en mei 14 septimber 2026 kinne gearwurkingsferbannen fan lânbouwers, bedriuwen, kennisynstellings en oare organisaasjes subsydzje oanfreegje foar de ûntwikkeling en it testen fan ynnovative oplossings dy’t bydrage oan in duorsume en takomstbestindige lânbou. Mei de regeling stimulearret de provinsje ynnovaasje binnen it Europeeske EIP-belied (European Innovation Partnership) fan it Gemeenschappelijk Landbouwbeleid (GLB).

Lânboudeputearre Abel Kooistra: “De krêft fan de Fryske lânbou sit yn ûndernimmerskip en gearwurking. Mei dizze subsydzje jouwe wy romte oan fernijende ideeën dy’t boeren, bedriuwen en kennisynstellings mei-inoar ûntwikkelje. Sa wurkje wy oan praktyske oplossingen foar útdagings oangeande klimaat, bioferskaat en in takomstbestindich fertsjinfermogen, en fersterkje wy tagelyk de ynnovaasjekrêft fan ús lânbousektor.”

Mei-inoar wurkje oan fernijing

De subsydzje stipet projekten dêr’t partijen mei-inoar nije produkten, tsjinsten, techniken of wurkwizen ûntwikkelje en praktykryp meitsje. Dêrby stiet gearwurking sintraal: elts projekt moat útfierd wurde troch in gearwurkingsferbân fan minimaal twa partijen, wêrfan op syn minst ien lânboubouwer. Projekten kinne har rjochtsje op ferskate maatskiplike en ekonomyske útdagingen binnen de lânbou, lykas ferduorsuming, sirkulariteit, klimaatadaptaasje, digitalisearring, ferbettering fan boaiem- en wetterkwaliteit en fersterking fan bioferskaat.

Beskikber budzjet

Foar it iepenstellen fan 2026 is mei-inoar €3 miljoen beskikber. Foar elts projekt kin op syn minst €125.000,- en maksimaal €500.000,- subsydzje oanfrege wurde. Subsydzje is mooglik foar ûnder mear leankosten, eigen arbeid, ôfskriuwingskosten en kosten fan tredden. It subsydzjepersintaazje is 40% foar ynvestearringen en 100% foar oare subsidiabele kosten.

De subsydzje Samenwerken aan innovatie EIP 2026 Fryslân stiet iepen fan 22 juny oant en mei 14 septimber 2026. Ynteressearre gearwurkingsferbannen wurde útnûge om harren projektútstel yn te tsjinjen binnen dizze perioade. Mear ynformaasje oer de regeling en de betingsten is te finen op de webside fan it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN) Gearwurkje oan ynnovaasje EIP 2026 Fryslân | SNN.