Troch FNP Fryslân
Ryk komt ôfspraken net nei. Under oare it Amelân is slachtoffer.
It Ryksregear makke hjoed bekend hokker ynfraprojekten al of net jild krije en yn útfiering brocht wurde sille. Nei jierrenlang net goed neitocht te hawwen oer ûnderhâld is it resultaat fan in kâlde rekensom dat Fryslân de dupe wurdt fan de grutte tekoarten op it ministearje fan I&W.
Yn totaal ferdampt 856 miljoen euro fan it jild dat oan Fryslân tasein wie – ûnbegryplik fynt de FNP.
De oanpak fan it spoar by Ljouwert fâlt nettsjinsteande de taseine 83 miljoen euro fuort.
De berikberens fan it Amelân komt al direkt yn gefaar. Hjir wie 251 miljoen euro foar tasein. Dat docht wat foar it toerisme en de leefberens fan it Amelân.
Boargemaster Willemsma sei it treflik by Omrop Fryslân: “Wy binne tsien jier werom yn de tiid”.
De FNP ropt de Twadde Keamer op om wurd te hâlden. Tasein is tasein.