Troch provinsje Fryslân
Yn it grûnwetter tichtby de spoaroergong by Egypte yn Bûtenpost, is boaiemfersmoarging fêststeld. Provinsje Fryslân hat dat konstatearre oan de hân fan jierlikse, reguliere mjittingen fan it grûnwetter. Omdat de fersmoarging nei 2022 tanommen is, hat de provinsje yn oerlis mei de FUMO en gemeente Achtkarspelen opdracht jûn om neier ûndersyk te dwaan nei de omfang en de oarsaak fan de boarne.
Op basis fan de hjoeddeiske ynformaasje is der gjin direkt gefaar foar de folkssûnens te ferwachtsjen, benammen omdat der yn de omjouwing gjin grûnwetterûntlûking foar drinkwetter of yndustry plakfynt. Wannear’t it plande ûndersyk útfierd is, kin mear sein wurde oer de oarsaak, fersprieding en eventuele sûnensrisiko’s.
Neier ûndersyk
Der binne twa stoffen yn it grûnwetter fûn, nammentlik it oerbliuwsel fan in gewaaksbeskermingsmiddel 2,6-dichloorbenzamide (BAM) en it gewaaksbeskermingsmiddel Bromacil. Gebrûk fan beide stoffen is net mear tastien, sadat in delgong fan de mjitten hoemannichten ferwachte waard. De ferhege konsintraasjes fan de beide stoffen binne reden foar in saneamd histoarysk ûndersyk. Doel fan it ûndersyk is om de omfang en komôf fan de fersmoarging fêst te stellen om dêrnei passende ferfolchaksjes nimme te kinnen. Provinsje Fryslân, FUMO en gemeente Achtkarspelen dogge dit meiïnoar.
It ûndersyk begjint maitiid/simmer 2025 mei in part fjildwurk en in part burostúdzje. It fjildwurk bestiet út it pleatsen fan inkelde peilbuizen, wat inkelde dagen duorje sil, en it nimmen fan meunsters op dy lokaasjes yn de perioade dêrnei. Nei ferwachting kin yn de hjerst fan 2025 mear dúdlikheid jûn wurde oer de fersmoarging.