Troch provinsje Fryslân
It kolleezje fan Deputearre Steaten hat hjoed de tredde trânsj fan de subsydzjeregeling fleksibele ynset wenningbou fêststeld. Mei de regeling stipet provinsje Fryslân de Fryske gemeenten om mear gong efter de wenningbou te setten. Gemeenten kinne dêrmei ekstra kapasiteit en saakkundigens ynhiere, dat projekten flugger en better taret wurde kinne.
De regeling is bedoeld om de wenningbou-opjefte te stypjen troch knyppunten yn de foarfaze fan projekten flugger en better op te lossen. Provinsjes en gemeenten kinne de middels ûnder oare ynsette foar saken as fergunningferliening foar wenningbouprojekten, it opstellen fan bestimmingsplannen en it ûntwikkeljen fan plannen foar betelbere wenningen en wensoarchoplossings.
Foar dizze trânsj kriget provinsje Fryslân fan it Ryk goed €900.000,- en dêr foeget de provinsje nochris €450.000,- oan ta. Ek de gemeenten drage finansjeel by. Sa komt der goed €1,8 miljoen beskikber. Mei dy mienskiplike ynset helpt provinsje Fryslân de gemeenten om faasje mei wenningbouprojekten te meitsjen en wurdt in bydrage levere oan de realisaasje fan de ôfspraken út de Wendeals: it bouwen fan 20.400 nije wenten yn Fryslân.
Deputearre Abel Kooistra: “Mei dizze middels krije de Fryske gemeenten ekstra mooglikheden om wenningbouplannen flugger en mei mear kwaliteit út te fieren. It giet om in fleksibele ynset dy’t wy krekt dêr pleatse kinne wêr’t de druk it grutst is. Sa hâlde wy de gong deryn.”