Troch Omrop Fryslân
It Fryske Parlemint jout it provinsjaal bestjoer gjin tastimming om ûnteigening yn te setten foar it oanlizzen fan nije natuer.
Yn april staakten de stimmen noch oer dit foarstel, mar woansdei joech de tsjinstim fan de yn april ôfwêzige Albert van Dijk de trochslach en waard it 22-20.
Deputearre Steaten woene ûndersykje oft in foarm fan ‘frijwillige ûnteigening’ helpe kinne soe om flugger nije natuer oan te lizzen foar Natuurnetwerk Nederland (NNN). Unteigening soe helpe kinne, omdat dan in hegere fergoeding betelle wurde kin.
Mar in lytse mearderheid fan it Fryske parlemint is op it ynstrumint ûnteigening tsjin en as dat sa is hoege je it ek net te ûndersykjen, fynt ûnôfhinklik Steatelid Van Dijk. “Yn ús optyk moatte je hjir gjin ûnteigening foar ynsette”, seit hy.
“As de provinsje de doelen foar nije natuer net helje kin, dan kinne je dy doelen better bystelle. Fryslân hat al 13.000 bunder nije natuer oanlein. Dat is mear as genôch.”
Sjoch fierder fia: https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/17507408/steatelid-albert-van-dijk-jout-de-trochslach-gjin-unteigening-foar-nije-natuer