Troch provinsje Fryslân
It rispinge seizoen is yn folle gong. Der binne dus wer folop lânbou-weinen op ‘e dyk te finen, faak mei modder oan ‘e bannen. Tink derom, dus! It gefaar fan modder op de dyk is minder sichtber as it liket. In tinne laach modder op wiet asfalt kin like ferriederlik wêze as iis. Mei de modderkampanje freget provinsje Fryslân omtinken foar dit weromkommende feilichheidsrisiko.
De modderkampanje is in inisjatyf fan it Regionaal Orgaan Verkeersveiligheid Fryslân (ROF). De kampanje wiist weibrûkers op it risiko fan glêdens troch modder en ropt agrariërs en leanwurkers op warskôgingsbuorden yn de berm te pleatsen en harren ferantwurdlikens te nimmen troch it paad skjin te hâlden. Tagelyk wurde automobilisten, fytsers en motorriders frege om yn lanlike gebieten ekstra wach te wêzen. Troch jierliks werom te kommen mei dit boadskip wol de provinsje ferkearsdielnimmers wach hâlde.
Kampanje
De modderkampanje is de kommende tiid te sjen fia spandoeken lâns de dyk en fia de mediakanalen fan de Fryske gemeenten en provinsje Fryslân. Dêrneist is it boadskip geregeld te hearren op Omrop Fryslân. Ek soarget it ROF derfoar dat bestjoerders fan lânbou-weinen ynformaasje krije fia it blêd Nieuwe Oogst en de lânbou-organisaasjes LTO en CUMELA Nederland.
ROF
It ROF wurket oan it ferbetterjen fan de Fryske ferkearsfeiligens, fia kampanjes, aktiviteiten op it mêd fan ferkearsedukaasje en ferkearsfeiligensprojekten. Mear ynformaasje oer it ROF: www.rof.frl.