Categorieën
Beleid Fryslân Landbouw Politiek

Provinsje Fryslân presintearret Utfieringsaginda Lânbou 2025-2030: ynvestearje yn in takomstbestindige lânbousektor

Troch provinsje Fryslân

De provinsje Fryslân hat hjoed de Utfieringsaginda Lânbou 2025-2030 presintearre. Dy aginda is de praktyske útwurking fan de earder fêststelde Beliedsbrief Lânbou en der steane konkrete aksjes, prioriteiten en finansjele ramten yn om de Fryske lânbousektor te fersterkjen en takomstbestindich te meitsjen.

De provinsje kiest bewust foar it fersterkjen fan ‘boerferskaat’ as basis foar fearkrêft. ‘Boerferskaat’ wjerspegelet sawol de mearsidichheid fan ús boeren as de gearwurking tusken lânbou en natuer. Fiif ûntwikkelpaden steane hjirbinnen sintraal: hightech iepen systemen, duorsume lânbousystemen, lânbou kombinearre mei natuer- en lânskipsbehear, multyfunksjonele bedriuwen en hightech sletten systemen. Dy oanpak biedt romte oan ynnovaasje en maatskiplike wearden. Deputearre Abel Kooistra: “Mei dy útfieringsaginda sette wy yn op in takomstbestindige lânbousektor, dêr’t boereferskaat en ynnovaasje sintraal yn steane en dy’t fia maatskiplike tsjinsten bydraacht oan natuerbehear, wetterkwaliteit, duorsume enerzjy en leefberens”.

Tema’s en aksjes

Yn de aginda steane njoggen tematyske aksjelinen dy’t mei-inoar de koers bepale foar de takomst fan de Fryske agrofoodsektor. Sa wurdt ynset op it fersterkjen fan it fertsjinfermogen en takomstperspektyf fan boeren, ûnder oare troch regeljouwing te optimalisearjen, ferbreding te stimulearjen en jonge boeren te stypjen. Ek wurdt wurke oan goed, feilich en foldwaande iten, mei omtinken foar de ûntwikkeling fan koarte stringen en it belang fan gerslân yn Fryslân.

Fertrouwen yn ynnovaasje stiet sintraal troch it oanjeien fan nije produkten, tsjinsten en ideeën dy’t bydrage oan in takomstbestindige sektor. Wat grûn en romte oanbelanget wurdt tawurke nei in breed droegen lânbouhaadstruktuer, dêr’t lânbougrûn yn behâlden bliuwe kin en de besteanswissichheid fan agrariërs better garandearre wurde kin. Bioferskaat krijt omtinken troch boeren te stypjen as natuerbehearders en de agrobiodiversiteit te befoarderjen, bygelyks mei Fryske (fee-)rassen en gewaaksen.

Gearwurking en fleksibiliteit

De aginda is ta stân kommen mei brede ynbring fan boeren, oerheden, kennisynstellings en belange-organisaasjes. In part fan it budzjet is fleksibel ynsetber, wêrtroch’t romte ûntstiet foar nije inisjativen en bystjoering op basis fan aktuele ûntwikkelingen.

Finânsjes en monitoaring

Foar de útfiering is oant maart 2027 sa’n €1,7 miljoen oan provinsjale middels beskikber. Dêrneist ferwachtet de provinsje fia lanlike maatregelpakketten en it GLB (Mienskiplik Lânboubelied) ek tsientallen miljoenen euro’s ynsette te kinnen om de Fryske lânbousektor fierder te fersterkjen en takomstbestindich te meitsjen. De fuortgong fan de Utfieringsaginda wurdt soarchfâldich monitoare.