Troch provinsje Fryslân
De deputearre fan Fryslân, Sijbe Knol, en de wethâlders fan Ljouwerd en Súdwest-Fryslân, Hein de Haan en Michel Rietman, hawwe by it Bestuurlijk Overleg Leefomgeving op 2 juny oan de minister fan VRO Mona Keijzer de Verstedelijkingspropositie Fries Stedelijk Netwerk 2050 oanbean. Symboalysk waarden de kaaien fan Hearrenfean, Ljouwert, Smellingerlân en Súdwest-Fryslân oan har oerlange as útnûging om mei-inoar fierder te wurkjen oan it fuortsterkjen fan it wenningoanbod, de ynfrastruktuer en ekonomy fan Fryslân.
De proposysje rjochtet him op ‘e takomst fan it Fries Stedelijk Netwerk (FSN) mei de fjouwer stedske sintra Drachten, It Hearrenfean, Ljouwert en Snits. It FSN leveret út eigen krêft mei de ekonomyske ûntwikkeling, banegroei en wenningbou, dy’t it foar eagen hat, in substansjele bydrage oan de lanlike opjefte. Dêrnjonken foarmet de proposysje in stevige basis foar in duorsume en woltierige takomst fan hiel Fryslân.
Yn it bestjoerlik oerlis mei it Ryk binne ôfspraken makke om:
- De Verstedelijkingspropositie Fries Stedelijk Netwerk 2050 út te wurkjen ta in strategy foar ferstedsking en ynvestearringsaginda. Mei it Ryk prate de provinsje en F4 fierder oer op it doel ôfstimde stipe dy’t helpe kin mei it ekonomysk belied en de wenningbou-opjefte.
- It Fries Stedelijk Netwerk op te nimmen yn it Stedelijk Netwerk Nederland en dêrmei ek yn de ûntwerp-Nota Romte dy’t nei de simmer iepenber wurdt.
De regio hat ek omtinken frege foar de lokaasjes Spoordok, Middelsee (beide Ljouwert) en it Hearrenfean-West, omdat de regio op dy lokaasjes mooglikheden sjocht foar grutskalige wenningbou (skaalsprong). It Ryk stelt dat dêr fia Regionale wenningbouprogramma’s regelingen beskikber foar binne.
De Fryske partijen geane aktyf troch om harren potinsje yn omtinken yn Den Haag te bringen. Dêrnjonken set in trajekt útein om mei alle gemeenten yn Fryslân oan de folsleine opjefte, rjochte op regionale ûntwikkeling te wurkjen en de bydrage dy’t alle gemeenten fan grut oant lyts leverje kinne.
Sijbe Knol is bliid dat it Ryk de binnenstedske potinsje fan de provinsje sjocht: “De wenningbou-opjefte is wichtich foar hiel Fryslân, mar wol bouwe nei aard, skaal en karakter. Dat dogge wy benammen ek om ús jongerein sicht op in goede takomst te jaan. Dus it is no saak de oare stêden en 400 doarpen ek goed oan te heakjen en der in breed Frysk ferhaal fan te meitsjen yn balâns mei ús lânskip. De minister hat symboalysk in pear kaaien krigen, mar it is gjin loper. It Ryk moar ek leverje oars litte wy it slot ek wer ferfange.”
Fia dizze link is de Verstedelijkingspropositie te besjen: www.friesstedelijknetwerk.nl.