Troch Abe de Vries
Earst woe ik it net leauwe. Ik hie in praatsje ôfharke fan ’e autoradio, en krekt doe’t ik tocht, no komt it, kaam der reklame. Thús it www op. De krante fan knikkeboljend Nederlân mocht melde: it CDA fan Henri Bontenbal wol in Navo-taks. Yn har ferkiezingsprogramma hawwe de pr-gefoelige mar yn ’e tiid fertize fersetshelden it in ‘vrijheidsbijdrage’ neamd.
Frijwillige bydragen, neat mis mei. In daalder foar de hertstichting, it doarpshûs, muoike har jierdei, it Leger des Heils. Mar ferplicht betelje spesjaal foar it léger is wat oars. Foar oproermeitsjen, sjitterij mei drones, bommen op ’e kop. Dy kant sil de karavaan út. As de partijlieder – oars sa’n ‘fatsoenlijk’, mei in stekwurd yn it ferkiezingsprogramma, hearskip, fine jo ek net? – yn oktober jo seine krijt.
De ‘vrijheidsbijdrage’ foar dûbeld safolle moardtúch sil dus net frijwillich wêze. De frijheid sil twingend oplein wurde. Fia de belestingen, ynkommensôfhinklik. It goede nijs is dat de eagen no mar iepengean kinne. Om te sjen dat wy, wat ús bûtenlânske polityk oanbelanget, de te beskriemen fuotwaskers wurden binne fan dy besmodzger fan it Wite Hûs.
Seit hy 5 prosint, dogge wy 5 prosint. Yes, sir. Dêr is de ‘vrijheidsbijdrage’ fan it CDA foar bedoeld. Dy moat it regear de frijheid jaan om dy 5 prosint fan Trump helje te kinnen, sûnder al te djip yn ’e sosjale útkearingen en de aow omfykje te moatten.
Want ús frijheid wurdt bedrige troch Poetin. Dêr’t de Navo sûnt 2008 op Amerikaansk-Britsk oanstean trammelant mei siket. Sjampanje op tafel by de doe ék al net werklik sieltôgjende oarlochsyndustry yn oare lannen as Nederlân.
Lêstlyn sieten de sân kabouters fan de Europeeske Uny by omke Trump op ’e knibbel. Sjoen? Ursula von der Leyen wie Sniewytske bepaald net. Se joech leave poatsjes oan ien fan de bespotlikste en tagelyk gefaarlikste folksmenners fan ús iuw. It wie freeslik om nei te sjen.
Sa is Brussel wurden. Blaffe nei it easten as it baaske seit woef. It gefolch is misrekken nei misrekken. De Navo hat de oarloch winliken al lang ferlern. De Russyske ‘special military operation’ blykt net op waskmasinechips te rinnen. Sanksjes en tariven slane werom as boemerangs. De militêre ‘help’ oan Zelensky en konsorten helpt in ûnbegryplike hoemannichte ûngelokkigen it grêf yn. Wy bestuiverje, sy sneuvelje.
Logysk dat by sa’n tryste stân fan saken hieltyd ûnoannimlikere ferhalen en ferantwurdingen troch de buorren waaie. Wilens strûpt de Dútske ekonomy, oait it dampende Maschinenraum fan West-Europa, der al trije jier ûnder. Lykas de Britske. En de Nederlânske dobberet, tsja, tusken dy twa drinkeldeaden yn.
Tip? Gau brekke mei de suboptimale cowboypolityk dêr’t Washington mei big band, butler en Brussel ferantwurdlik foar is. Dy polityk is in barrel dat sinkt, gjin tsiendepenning yn kamûflaazjekleuren dy’t syn nei de kelder gean keare kin.