Categorieën
Cultuur Ethiek Politiek

LIUWE VAN DER MEER: PRINSIPES

Der binne minsken mei prinsipes fan elastyk, zoals de wind waait, waait het jasje, soks. In Willem fan Oranje dy’t, as Lutheraan berne, roomsk wurdt om opgroeie te meien oan it hof fan Karel V, en letter calvinist wurdt om akseptearre te wurden as lieder fan’e Opstân yn’e Nederlannen. In Hindrik IV fan Frankryk, dy’t yn Frankryk jierrenlang de lieder wie fan’e protestanten yn’e reboelje tusken roomsken en protestanten, troude mei in roomske dochter fan’e Frânske kening en dan min of mear by tafal sels kening wurdt en dan mar roomsk wurdt, want oars soe de helte fan’e Frânsken him net as kening akseptearje.

Oarsom kin ek: yn ús lân hawwe wy ferskillende ministers hân dy’t gjin lid wiene fan in politike partij, mar dan lid wurde fan in partij as dy partij meidwaan sil oan in regear en hy/sy frege wurdt om minister te wurden, fansels fanwege oanwêzige kwaliteiten of karaktereigenskippen; sá komt men wol boppedriuwen.

Der binne ek minsken dy’t fia in bepaalde politike partij, nim bygelyks in FNP, in politike karrière meitsje, tanksij dy partij yn in gemeenteried komme, dêrnei fia dy partij in tal jierren wethâlder binne, koart sein, tanksij dy partij bestjoerlike ûnderfining opdogge, in netwurk opbouwe en yn it politike luilekkerlân bedarje en dan frege wurde om boargemaster te wurden, ek al is it mar foar even.

En ja, as men dan frege wurdt om dat te dwaan yn in gemeente wêr’t hast gjin Frysk sprutsen wurdt, dan is it fansels better foar jins reputaasje om dan dat lidmaatskip fan sa’n FNP mar op te sizzen, want ja, sa’n Fryske trochdrammer hat men yn sa’n gemeente leaver net as boargemaster, toch?

Ach ja, ik kom noch út’e tiid fan minsken mei prinsipes. En ik haw se sels ek. Net yn alles, earlik sein. Mar ik haw altiten by it iepenbier ûnderwiis wurke en wy hiene fan thús út meikrigen dat wy noait by it kristlik ûnderwiis hearden te sollisitearjen. Haw ik dus ek noait dien, want ik fûn it ek in goed prinsipe. Letter krige ik kollega’s dy’t harren bern nei in kristlike skoalle stjoerden of dy’t by ús wei sollisitearren by in kristlike skoalle, sokken hiene foar myn gefoel gjin prinsipes. Alteast net op it gebied fan’e kleur fan it ûnderwiis. Mar miskien ieten se ek wol gjin fleis en sloegen se har bern net, der binne prinsipes yn soarten.

Mar yn’e polityk binne foar my allinne mar èchte prinsipes: men moat earne foar stean en dêr ek earlik foar útkomme! Want is it no wier sa slim, lid wêze fan in FNP? Ik wie der sels ek lid fan, en dat lidmaatskip haw ik no opsein, mar dat wie net omdat ik boargemaster wurde koe, dat hie te meitsjen mei oare prinsipes…