Categorieën
Columns

LIUWE VAN DER MEER: DE POIESZ EN IT FRYSK

Wy hawwe yn Mantgum in prachtige Poiesz, jo wolle net witte wat je der krije kinne, it is yn’t rare, seker ast it sortimint fergelikest mei de Centra of de Spar yndertiid yn Reduzum, tiden hawwe tiden en jirpels en stooffleis binne al lang oanfuld mei Sushi, Risotto en Babi Pangang. De blauwe beien en de tusse-earten komme faak út Afrika, mar dat mei hinnebruie, handel is handel en Poiesz is Poiesz.

Mar no is der immen ferstoarn en ik woe efkes in kaartsje stjoere, sa’n moaie kaart mei in knakte reidblom, in lyts fearke of in waarme ûndergeande sinne en dêrby de wurden “mei oprjochte dielnimming”, soks, it moat wat treast jaan, dochs?

By ús yn’e Poiesz steane twa grutte rekken mei winskkaarten, gjin nee te keap dus. Mar in kaart mei “mei oprjochte dielnimming” koe ik net fine. Ek kaarten mei “lokwinske mei jim houlik” of “lokwinske mei de berte fan jim dochter” sieten net yn it rek: se hiene allinne mar Nederlânsktalige kaarten. “Nee, die zitten niet in het assortiment”, sei de bedriuwslieder achter de kassa, “nee, want iedereen kan wel Nederlands lezen”. In bêste fint oars, hear, mar hjir hat Poiesz saaklik besjoen de planke goed misslein. Want as jo yn it rek wól in kaart oantreffe mei “Happy Birthday”, dan is der wat net goed yn jo saaklik ynsicht, dan witte jo net goed hoe’t jo klanten op in Frysk doarp goed betsjinje moatte.

Meist it koartsichtich neame, ik soe noch leaver it wurd ûnfatsoenlik brûke wolle, mar soks jout anno 2025 wol oan dat de resultaten fan Kneppelfreed 1951 noch net trochkrongen binne op it Haadkantoar fan Poiesz yn Snits. Us berte-en stjer-aktes binne yn Fryslân twatalich, mar de Poiesz hat allinne mar Nederlânsktalige kaarten. Se neame soks “in miste kâns”. Ik soe it noch leaver “in grutte blunder” neame wolle.

Boek fan histoarikus Peter Boomsma oer Kneppelfreed.

PS om rjochtsaken foar te kommen: de kaart komt by “Friese-producten.nl” wei, miskien dat in opper-manager fan Poeisz, him wat ferfelend achter it kompjoeterskerm, dêr ris wat omdoarmje kin!