Berjocht fan de Fryske Mynboutafel: alle Fryske gemeenten, Wetterskip Fryslân en Provinsje Fryslân. It stânpunt is unanym: gjin gaswinning yn Fryslân.
De Fryske Mynboutafel is teloarsteld yn it nije ‘Sectorakkoord gaswinning op land’. Dêr docht út bliken dat it Ryk maksimaal 5% fan de ierdgasopbringsten mei de regio’s diele wol. Fryslân fynt in tredde fan de opbringsten reedlik. Wat fierder oan it sektorakkoart opfalt is dat der foar de perioade oant 2045 gjin dúdlik ôfboupaad fan gaswinning beskreaun wurdt. Ek wurde kwetsbere gebieten, lykas feangreide, net útsletten fan gaswinning.
It sektorakkoart is in akkoart tusken it Ryk en de oalje- en gassektor. Produsinten krije yn it akkoart de garânsje fan it Ryk dat se (nei’t wetlike prosedueres trochrûn binne) de kommende twa desennia gas winne meie út besteande en nije gasfjilden yn Fryslân. Gemeenten, wetterskippen en provinsjes hawwe gjin formele ynfloed op de ynhâld dêrfan wylst de lokale gefolgen fan gaswinning faak ivichduorjend binne en efterôf kompensearre wurde moatte. Op 16 jannewaris 2026 ynformearre minister Hermans van Klimaat en Groene Groei de Twadde Keamer oer de ynhâld fan it sektorakkoart.
Deputearre Friso Douwstra fan de provinsje Fryslân: “Litte wy foaropstelle dat Fryslân it leafst in ein sjocht oan de mynbouaktiviteiten yn stee fan dat der nije begjinne. It is op himsels goed dat der in sektorakkoart is. Der steane ek positive punten yn. Sa komt der mear omtinken foar feiligens, it belûken fan de omjouwing en krije lokale oerheden mear ynsjoch yn te ferwachtsjen mynbouprojekten. Mar it hjoeddeiske foarstel foar winstdieling is ûnfoldwaande en net yn ferhâlding ta de impact fan mynbouaktiviteiten op de leefomjouwing. In rjochtfeardige batedieling is essinsjeel om regio’s dy’t de lêsten drage ek wier profitearje te litten fan de opbringsten. Om dy reden fynt Fryslân it reedlik dat in tredde fan de gasopbringsten weromfloeit nei de regio.”
Remco van Maurik, deistich bestjoerslid fan Wetterskip Fryslân: “We weten dat gaswinning in het veenweidegebied het water- en bodemsysteem onherstelbaar aantasten. Het ministerie wil de effecten van gaswinning onder het veenweidegebied verder onderzoeken. We roepen de minister op om het zogenaamde voorzorgsprincipe in acht te nemen en eerst de resultaten van dit onderzoek af te wachten, voordat er nieuwe vergunningen voor gaswinning worden verleend. Een andere volgorde is onverantwoord. Ook in de noordelijke kleischil van Fryslân is gaswinning ongewenst vanwege verzilting en de al aanwezige invloeden van de historische gaswinning in het Groninger gasveld.”
Oprop oan keamerleden om fragen te stellen en/of moasjes yn te tsjinjen
Op 29 jannewaris 2026 behannelet de Twadde Keamer it sektorakkoart. Omdat lokale oerheden sels gjin streekrjochte ynfloed útoefenje kinne, is de hope fêstige op de leden fan de Twadde Keamer. De Fryske Mynboutafel ropt harren op om fragen te stellen en om moasjes yn te tsjinjen om ek de belangen fan Fryslân (en dy fan oare legere oerheden yn Nederlân) te behertigjen.