Hjirûnder it hiele kulturele programma:
Freed 5 septimber 2025
19.30 oere yn de tsjerke fan It Heidenskip, Brânburren 18
– Hylke Speerstra fertelt oer boeren yn it Heidenskip taspitst op Marten en Itte Groenhof.
– Bert Looper fertelt oer skilderijen en keunst.
– Ytsje Hettinga fertelt oer “De frou op de pleats”.
It duo Jarje sil tuskentiden optrede mei lieten.
21.00 oere yn doarpshûs It Swaeigat, Brânburren 26
Untbleating fan it yn 1904 troch Gerben Rypma skreaune gedicht oer it Heidenskip en iepening fan de útstalling mei skilderijen en tekenings fan Gerben Rypma en Marten Groenhof.

Sneon 6 septimber 2025
10.00 oere
– It doarpshûs It Swaeigat iepen mei de útstalling mei skilderijen en tekenings fan Gerben Rypma en Marten Groenhof. Yn it doarpshûs binne sop en broadsjes te keap.
– Wiepke Wierda fart mei de pream “De Simmermoarn” fan Brânburren nei de Krúspôlen.
13.30 oere
-De tsjerke is iepen mei in útstalling fan bylden makke troch Marleen Engelenburg en der is in lytse útstalling oer de Wetterfloed fan 1825.
– Oargelist Gerard Zwart fan Koudum bespilet it oargel.
16.30 oere hâlde wy eefkes skoft.
19.30 oere yn de tsjerke fan It Heidenskip, Brânburren 18
Muzyk út It Heidenskip:
– De Heidenskipster fanfare Studio
– Jitske Draijer en Paul van Dijk
– Lianne Bokma en Martje de Vries mei band
21.30 oere yn doarpshûs It Swaeigat in optreden fan Mario Kramer

Snein 7 septimber 2025
11.15 uur Fan Lân, Loft en Mar
Mienskiplike tsjinst mei de PKN gemeente Ealahuzen (komme mei de boat De Simmermoarn) en Roomsk Katelike Parochy Blauhûs mei it koar Sint Caecilea en oargelist Doeke van Wieren.
10.00 oere De Ealahúster tsjerkegongers wurde mei de pream “De Simmermoarn” ophelle.
10.30 oere Untfangst mei kofje, tee en koek yn de tsjerke fan It Heidenskip, Brânburren 18.
11.15 oere Pastor Lucas Foekema fan Blauhûs mei it koar Sint Caecilea en oargelist Doeke van Wieren.
17.00 oere yn de tsjerke fan It Heidenskip, Brânburren 18
Grytz en Grize
17.45 oere Slot
Alle aktiviteiten binne fergees tagonklik!
Der stiet in pot foar in frije bydrage.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje
Een brug slaan