Okkerdeis seach ik de oarlochsfilm All Quiet On The Western Front wer ris, basearre op de klassiker Im Westen nichts neues fan Erich Maria Remarque. Wat my diskear opfoel, wiene net sasear de grouwélige bylden fan it front, de útinoar skuorde soldateliven, it bloed, de drek en de dea. Nee, it wie it entûsjasme wêrmei’t Dútske jongens, ‘Deutschlands eiserne Jugend’, har noch yn it tredde jier fan de oarloch frijwillich oanmelde by it leger. Fansels, al gau wolle se allegear graach werom nei heit en mem. Mar dan is it al te let.
Ik tocht oan myn eigen tiid ûnder de wapens, earst as tsjinstplichtige, letter as KVV-ofsier oplaat by de militêre ynljochtingetsjinst. Us lân wie net yn oarloch. Myn strategyske en taktyske kapasiteiten koe ik suver inkeld mei shine yn de kompjûteroefeningen dy’t de Lânmacht optúgde, itsij op de Feluwe itsij oan de Westdútske eastgrins.
In kear stie myn klupke op it punt om de fijân beslissend oan it kleed te kommen – in útdrukking dy’t in âld adjudant fan ’e seksje stikem graach brûke mocht – doe’t it ynienen skoft wie. Us Amsterdamsk-Surinaamsk nasjonaal tiim ferovere de Europakup op kosten fan Dútslân yn ’e heale finale en fan de Sovjet-Uny yn ’e einstriid. Moaiere wapenstilstân hat der nea wer west.
Lês fierder fia: https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2025/04/im-osten-etwas-neues.html