Categorieën
Boeken Cultuur Fryslân Literatuur Taal

Suksesfolste Fryske Boekewike oait!

Parseberocht op Liwwadders.nl

De Fryske Boekewike hat dit jier in rekôr brutsen: it kadoboek Oan ’e ein fan De Oere fan Anne-Goaitske Breteler is folslein útferkocht. Noch nea earder wie der sa’n grutte fraach nei it spesjaal útjûne Kadoboek.

It Kadoboek ferskynde yn in oplage fan 1.500 eksimplaren. Ida Heddema fan Boeken fan Fryslân: “It kadoboek wie healwei de Boekewike al hast útferkocht, en doe moast Anne-Goaitske noch trije lêzingen jaan. Boekhannels dy’t te min eksimplaren ynkocht hienen, moasten wy spitigernôch teloarstelle, want wy koenen net mear leverje.”

Ek Anita Schaaf fan Boekhannel Van der Velde yn Dokkum ûnderstreket it sukses: “Wy hawwe noch noait sa’n soad Fryske boeken ferkocht. De hiele kast mei Fryske fiksje en non-fiksje wie praktysk leech.”

It oangripende ferhaal oer de fjouwer bern Zwart út Peazens-Moddergat hat dúdlik in soad lêzers rekke. Skriuwer Anne-Goaitske Breteler: “Ik hie net ferwachte dat de Boekewike safolle opsmite soe. Oeral folle sealen, en dan ek noch in protte nije ynformaasje en bysûndere anekdoates oer de famylje Zwart as reaksje fan it publyk. Ik bin noch altyd oan it neigenietsjen.”

Fanwegen it grutte sukses ferskynt op freed 28 novimber in twadde printinge yn in oplage fan 1.000 eksimplaren by Utjouwerij Afûk.

Boekgegevens
Oan ’e ein fan De Oere
Auteur: Anne-Goaitske Breteler
ISBN: 978-949 331 8663
Utfiering: paperback
Ferkeappriis: € 14,95
www.afuk.frl