Ik haw altiten in leafhawwer west fan Godfried Bomans, ik haw syn stikken ek altiten graach foarlêze mocht yn’e klasse : “De waarheid omtrent Sinterklaas”, syn “Sprookjes” , geskikt foar freedtemiddei it lêste oere, mar ik tink dat in soad jongelju syn taal net mear begripe, Bomans syn wurdeskat is oars as dy fan ús Facebook-en TikTok-generaasje, se witte al net iens mear wat “verorberen” is, of “vrijblijvend”.
Ik bin begong mei it oersetten fan in tal Mearkes en hjirûnder in priuwke. Bomans is troch syn wat archaysk taalgebrûk net altiten maklik oer te setten nei it Frysk; ik besykje dus ek mar wat…
DE OPRJOCHTE MOARDNER
Der rûn ris in reizger troch it bosk. It stoarme en it wie jûn wurden. “Bah”, sei de reizger, wylst er in krúske sloech, “bah, wat is it hjir near. Der komt ek gjin ein oan dit bosk. En it is ek noch sa tsjuster wurden, ik sjoch gjin hân foar d’eagen. Nee, it is hjir net noflik. En wa wit wat foar ûnrant hjir omdoarmet.” Hy die in gebed ta St. Jeroen, de patroan fan alle reizgers en daliks seach er in ljochtsje tusken de beammen. De reizger rûn wat hurder en tikke op it lytse, heldere finsterke.
“Ja?” rôp in swiere stim.
“Ik bin it paad bjuster, menear de houthakker, ach, lit my der yn”, rôp de reizger, “ik wurd sa bang yn’t tsjuster”.
De doar gie iepen en op’e drompel stie in grutte man.
“It is better foar dy, myn freon,”sei er mei in swiere basstim, “om hjir net binnen te kommen. Ik bin in moardner.”
“Dêr seist wat!” rôp de reizger laitsjend (want hy hold wol fan in grapke).
“Ja”, sei de grutte man earnstich, “ja, ik bin in moardner. Ik fyn it sels ek wol wat lestich. Mar it is foar dy better dat ik it tefoaren efkes siz, dan datst it op in oare manier merke moast. Dus – “ en hy woe de doar al wer tichtdwaan.
“Wachtsje efkes!” rôp de reizger en hy stiek syn foet tusken de doar, “it kin my neat skille watst bist. Toe, leave moardner, lit my der yn. Ik bin sa wurch en ik haw sa’n honger. Ik rûk datst beantsjesop makkest. Dat krige ik altiten op myn jierdei. Driuwe der ek fan dy fjouwerkante stikjes spek yn?”
De moardner ferdwûn efkes en kaam werom.
“Ja”, sei er, “der driuwe fan dy fjouwerkante stikjes spek yn.”
“Ach, lit my der dan yn,” smeke de reizger en hy foel op’e knibbels, “ik wurd mâl yn’e kop as ik oan dat sop tink. Do wolst my hjir dochs net yn dit grutte tsjustere bosk litte?”
“Do moast it sels witte,” sei de moardner, “ik haw sein wa’t ik bin en wat ik bin. Kom der mar yn ast dat sa beslist wolst.”
En se giene yn’e hûs en gongen sitten oan in lytse tafel flak by it fjoer. De reizger begûn te iten, de iene panne sop nei de oare. By de fyfde panne sei er efkes “Hè!”en by de achtste rôp er “Leave santjin!”en nei de tsiende panne hold er op en hong achteroer yn syn stoel. “Sa,”sei er wylst er mei de hân op syn búk sloech, “dat sit. Op is op, siz ik altiten mar.”
“Sa is it” antwurde de moardner earnstich.
“Kameraad,”begûn de reizger, “wat hasto in tryst sin”. “Der is ek gjin reden om fleurich te wêzen. It muoit my dy dêr sa fleurich sitten te sjen en dan te betinken datst der oer fiif minuten net mear sitst”.
“Ja, dan liz ik op bêd, as it fan dy mei. En oars sliep ik wol op’e grûn.”
“Dy sliep bedoel ik net, freon”, sei de moardner treurich, “ik bedoel de ivige sliep”.
De reizger luts wyt wei. “Do bedoelst dochs net…” “Ja, dat bedoel ik”, gong de moardner fierder, “ik haw it dy fantefoaren dúdlik sein. De minsken wolle noait lústerje as ik harren fertel dat ik se fermoardzje sil. En dat is dochs wol fan belang, net?”
“Mar it is dochs in grapke?” raasde de reizger.
“Nee, it is myn berop.. Ik bin in moardner. Dat haw ik dy no al fiif kear ferteld. Ik wol it dy nóch wol in kear fertelle”.
“Leave god!”rôp de reizger, “dat is freeslik. Sint Jeroen, help my! Alle kristensielen, help my!”
“Kom, kom, “gong de moardner fierder, “efkes flink wêze. Ik haw it noch wol fiif minuten oan tiid. Ik bin net hastich, hielendal net. En in goede fakman is net hastich. Men slacht der sa maklik neist.”
“Myn god” mompele de rezger. Se stoareagen in skoftsje nei inoar.
“Wannear dogge jo it?”
“Dat wit ik noch net”.
“Wat hast dêr oan dyn riem te hingjen?”
“Dat is in bile”.
“It is dochs net dé bile?”
“It is dé bile”.
It bleau in skofke stil.
“Is der neat oan te dwaan?”
“Nee. De doar is op slot. De blinen binne ticht. Ik doch it al tweintich jier, wist.”
“Do-do bist in wreden-ien!”
“Nee, hear, ik bin in fakman. It is myn berop.”
“Hoe komsto der by sa’n duvelsk berop te kiezen? “ raasde de reizger wylst er mei de fûst op’e tafel sloech.
“Oh, ik haw der neat op tsjin en fertel dy myn skiednis. Se duorret ek net sa lang.”
De moardner snute syn noas en begong te fertellen:
“Ik waard berne yn it lân Tassa, ûnder it romrofte regear fan kening Sir de Rjochtfeardige. Hoechst net nei de doar te sjen want dy sit ticht. Ik woechs op ta in lange, sterke jonge, en op myn trettjinde wie ik al sa grut as in folwoechsen man, mei sterke earms, mei hier. – In echte moardner, seine de minsken altiten as se my seagen en dan gongen se in bytsje oan’e kant. Ik fûn it hyltiten hearlik om te hearren, en doe’t ús heit my dan ek frege wat ik wurde woe, sei ik beret: “In moardner!”
Hy begong te laitsjen, krekt as do nyskes. Mar ik hold út dat ik in moardner wurde woe en dat ik allinne sa lokkich wurde koe. Hy frege my oft ik wol wiste wat in moardner wié. Ik sei dat ik dat net wiste, mar dat ik dat freegje koe. Doe ferbea ús heit alle bewenners fan it doarp my te fertellen wat in moardner wie. En sa libbe ik jierrenlang sûnder te witten wat dat wie, in moardner. Mar ik hie myn sinnen der op setten om moardner te wurden.
Op in dei ried der in wein it doarp yn, mei in grutte koai der op, by ús hûs del en sa de merk op. It wie der swart fan’e minsken—in moardner, in moardner – hearde ik rûnom flústerjen. Ik wist dat dit de kâns fan myn libben wie en ik wrotte my tusken de minsken troch nei de wein.
“Binne jo in moardner?” frege ik tusken de traaljes troch. “Ja”, antwurde de man tryst, en hy liet my syn boeide hannen sjen, “ik bin in moardner. Ik sloech in minske de holle der ôf. God mei it my ferjaan.”
Ik waard oan’e kant treaun troch de soldaten, mar ik wist no genôch. Ik kocht in swurd en luts de wide wrâld yn. Efkes bûten it doarp, op in fjouwersprong, moete ik in boer. It wie Jorkins, dy’t ús heit noch holpen hie by in brân. Mar ja, ik wie in moardner en ik sloech him de holle der ôf.”
“Hillige Anna!”rôp de reizger.
“Ja”, gong de moardner fierder, “ik sloech him de holle der ôf. En efkes fierderop noch ien. Pas tsjin’e jûn noch ien. It wie net sa drok dy deis.”
“Leave santjin!” rôp de reizger.
“De oare moarns waard ik omsingele troch de gendarmes. Twa sloech ik de holle der ôf, mar se wiene my oermânsk en se brochten my yn’e boeien nei kening Sir de Rjochtfeardige. En omdat se gjin abbekaat fine koene, moast ik my sels ferdigenje.
Ik sei dan dat ik fiif jier lang iepenlik ferklearre hie dat ik moardner wurde woe en dat ik dat ek iepenlik wurden wie troch op ljochtskyndei in swurd te keapjen en doe trije boeren de holle der ôf slein hie. Dat ik it in berop fûn, like earber as elk oar berop. Ik eindige mei my te beklaaien oer it optreden fan’e gendarmes en mei it fersyk daliks frijlitten te wurden, mei de bedoeling dat ik myn berop frij útoefenje koe.
It wie in bjusterbaarlike rjochtsitting! De kening fûn oan’e iene kant dat se my net as in gewoane moardner ophingje koene, mar oan’e oare kant fûn er my, as ik frijlitten waard, in gefaar foar de boargers. Der moast dus in middewei betocht wurde wêrby’t de feilichheid fan’e ûnderdanen en myn frijheid foarop stie.
En sa waard dizze middewei betocht troch my in húske te jaan yn dit bosk. Ik fan myn kant moast belove dat ik, as der in reizger by my sliepe woe, earlik fertelle moast wat myn berop wie.
Op myn fraach wat ik dwaan moast as de reizger him troch it neamen fan myn berop net ôfskrikke liet, antwurde de kening my laitsjend dat ik yn sa’n gefal myn berop frij útoefenje mocht. Mar hy fûn it in dwaze gedachte dat soks koe. Dat liket it ek, frjemdling; de minsken dy’t hjir wurch oanklopje laitsje as ik harren fertel dat ik in moardner bin. En dochs, ik bin it. Sjoch mar.”
De moardner makke de bile los fan syn riem en sloech de reizger de holle der ôf.