Categorieën
Fryslân Politiek

Bestjoersperioade boargemaster Waanders fan Waadhoeke offisjeel beëinige

Troch provinsje Fryslân

Der is formeel in ein kaam oan it boargemasterskip fan Marga Waanders fan de gemeente Waadhoeke. Mei in Keninklik beslút is har mei yngong fan 1 oktober 2025 earfol ûntslach ferliend. Lykas bekend lei frou Waanders yn maart dit jier har taken del neidat se ûngenêslik siik wurden wie.

Kommissaris van de Kening Brok: “Frou Waanders is in sprankeljende persoanlikheid en in foarbyldboargemaster, ien fan de bêste bestjoerders dy’t wy hawwe yn Fryslân. Mei har saakkundichheid, autentisiteit en humor hat sy it amt op ûnderskiedende wize ynkleure ticht by de minsken. Mei har ferbinende kwaliteiten yn kombinaasje mei har sjarme en sosjaal hert is sy in ynspiraasjeboarne, ek foar my persoanlik. Ik haw har tank sein foar har minsk wêzen en har betsjutting foar Fryslân yn de ferskate bestjoerlike rollen dy’t sy ferfolle hat.

Marga Waanders: “Ik mei weromsjen op in prachtige tiid as boargemaster fan Waadhoeke. Ik krige de romte en it fertrouwen om yn oparbeidzjen mei safolle bysûndere minsken dizze gemeente en mienskip te tsjinjen. Dêr bin ik tankber foar. Dat moaie wurk moast ik earder as bedoeld loslitte troch de sykte dy’t my oerfoel. Nei omstannichheden giet it goed. De ûnbefongenheid is fuort, net de hoop op noch in perioade fan goed libben tegearre mei myn dierberen. Wat ek bliuwt is in grut klopjend hert foar Waadhoeke en de Waadhoekers.

It ûnferwachte fuortfallen fan Waanders yn maart hie en hat grutte ympakt op ynwenners, meiwurkers en polityk bestjoer fan gemeente Waadhoeke. Waanders’ funksje wurdt sûnt mids april ynfolle troch waarnimmend boargemaster André van de Nadort. Waanders wie riedslid (1990-2001) en wethâlder (2001-2009) yn de gemeente Ljouwert. Dernei waard se boargemaster fan Dongeradiel (2009-2018) en yn 2018 folge it boargemasterskip fan Waadhoeke. Nei de gemeenteriedsferkiezings fan maart takom jier sil Brok mei de nije ried besjen hoe’t it boargemasterskip ynfolle wurde sil.

It ôfskied fan Waanders wurdt yn novimber yn besletten kring markearre mei in ynformele gearkomst mei kollega-bestjoerders yn Ljouwert. Dit wurdt har oanbean troch de kommissaris fan de Kening, as tank en blyk fan wurdearring foar al har fertsjinsten.