Categorieën
Fryslân Politiek Sociaal

FNP Ljouwert stelt fragen oer opfang flechtelingen yn Grou

Bewennersoerlis yn Grou oangeande flechtelingen opfang moat better!

Grou, 19 septimber 2025.

FNP Ljouwert stelt skriftlike fragen oangeande it bewennersoerlis yn Grou oangeande flechtelingen opfang yn de Jeugdherberch, oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders sa as bedoelt yn artikel 41, earste lid fan it reglemint fan oarder fan de gemeenteried fan Ljouwert

Acht kolleezje,

Ynlieding:

Al jierren fangt it doarp Grou, yn de jeugdherberch,ca. 175 flechtelingen op en de measte bewenners komme út de Oekraine.

Guon minsken binne hjir al yn Nederlân sûnt 2022, doe’t de oorlog yn Oekraine útbruts.

De measte minsken út de opfang yn Grou, hawwe gjin perspektyf en sjogge de takomst somber yn omt werom kear nei harren lân noch net mooglik is en guon minsken ferbliuwe hjir yn Nederlân al 3.5 jier.

Om der it lêste jier in protte ûnrêst en oerlêst is yn it doarp Grou, is der sûnt koart in oerlis mei de gemeente, meiwurkers flechtelingen opfang Grou, omwenners, ûndernimmers, Pleatslik Belang, BCG en de Doarpskoördinator en de plysje.

Yn sa’n oerlis wurde de problemen besprutsen mei boppeneamde groepen om de rêst yn it doarp Grou werom te bringen.

De omwenners tinke yn sa’n oerlis oer oplossingen, mar de gemeente tinkt oan problemen.

De Gemeente nimt it ynisjatyf fan sa’n oerlis mei boppe neamde groepen en ek it foarsitterskip is yn hannen fan de gemeente.

De FNP Fraksje hat derom de folgjende fragen,

Fragen:

Is it kolleezje ree, om wannear der wer in bewennersoerlis is, in ûnofhinklik foarsitter te beneamen?
De bewenners tinke mei oer oplossings, mar de gemeente meiwurkers tinke oan problemen, is it kolleezje ree om hjir in rol yn te nimmen?
Is it kolleezje ree om mear frijwilligers te werfen en om mear aktiviteiten foar de bewenners te organisearjen?
Is it kolleezje ree om in dei of in jûn te organisearjen om de ( tydlike) bewenners en de ynwenners fan Grou elkoar te moetsjen en aktiviteiten te organisearen en om sa mear begrip te krijen op elkoars wen- en libbenssituaasje.
Der binne in protte bewenners fan de opfang dy’t oerdei neat om hannen hawwe en harren doelleas fiele en oare aktiviteiten ûndernimme dy’t net troch de beugel kinne en wer troch oerlêst ûntstiet yn Grou. Bewenners drigje om sels it heft yn hannen te nimmen om sa de oerlêst te foarkommen. Soe it kolleezje ree wêze, binnen de wetlike mooglikheden, om dizze flechtelingen binnen de gemeentlike organisaasje op te nimmen en der in oplossing foar te sykjen, troch harren bygelyks by de grienfoarsjennings of by oare aktiviteiten yn te setten?
Is it kolleezje ree om de flechtelingen út te lizzen hoe it ôffalbelied yn de gemeente regele is en om de grutte hoeveelheid ôffal te ferminderjen?
Is it kollezje ree om kamera’s te pleatsen by de yngong fan de jeugdherberch yn Grou, it parkeerterrein efter de Hema en op en nabij it stasjon fan Grou?

De FNP ferwachtet op ( sear ) koarte termyn in antwurd op dizze fragen, sadat daliks aksje ûndernommen wurde sil om fierdere eskalaasje yn it doarp Grou te foarkommen.

Mei herlike groetnis,

Lyda Veldstra-Lantinga

FNP fraksje Ljouwert