Categorieën
Landbouw Natuur en milieu Nederland Protest

IT FERTRIET FAN’E OMMELANNEN

Troch Liuwe van der Meer

Wy hawwe te fytsen west yn’e Ommelannen, fan Middelstum oan’t Holwierde en fan Seeryp oer Westeremden nei Loppersum. In prachtige streek, dit âlde “Fryslân tusken Lauwers en Iems”. Ja, jo moatte de bewenners gjin Friezen mear neame, de stêd Grins hat harren sa de harsens spield dat se no leauwe Grinzers te wêzen, mar de plaknammen en ek de persoansnammen binne winliken sa Frysk as ik wit net wat, op it rouboerd fan Derck Clant Heer van Hancema tot Zuithorn yn’e tsjerke fan Seeryp stie dúdlik dat er “joncker ende hovelingh, grietman in Oosterdeel Langewolt” wie, grietman, hoe Frysk wolle jo it hawwe?

Mar goed, it lânskip hat grif mear te bieden as by ús, de rigen beammen lâns de diken en de ûnbidige boerehiemen mei harren beampartijen litte ús dúdlik sjen wat der yn ús Fryslân oan begroeing ferdwûn is, ús keale diken en keale boerehiemen binne lânskiplik beslist minder oantreklik as it lânskip dêr yn it hege noarden fan Grinslân cq de Ommelannen.

En dan falt ek op dat der tusken de ferskillende Fryske streken fan alearen grutte ferskillen wiene yn’e boukeunst fan’e tsjerken; binne yn ús Fryslân de tsjerken op it plattelân beskieden fan formaat, yn’e Ommelannen sjochtst de grutste krústsjerken en tuorren krekt yn’e lytste plakjes. It sil grif gearhingje mei de aspiraasjes en pretinsjes fan’e bewenners fan’e borgen, de sosjale laach fan omheech fallene boeren dy’t har letter ek jonker begjinne te neamen, in wapen oantuge en oeral harren stimpel op drukke woene, in proses dat al yn’e midsiuwen begûn wie. It liket my dat de sosjale ferskillen tusken Lauwers en Iems in slachje grutter west hawwe as te uzes.

© Liuwe van der Meer

En dan no it fertriet fan’e Ommelannen. It is al lang bekend dat troch de gaswinning nei 1960 de Grinzer ûndergrûn fersakke is, in proses dat de grûn letterlik sá trilje litten hat dat der sprake wie fan echte ierdbevings. En al is de skea net sa grut as yn Turkije of Itaalje, de gebouwen bleaune wier wol stean, mar it ferbân tusken de muorren trille stikken, parten fan huzen fersakken, gevels skuorden, koartsein: de gaswinning feroarsake in ûnbidige skea! En no is it sa, dat skea fergoede wurde moat troch de feroarsaker fan dyn skea, yn ús gefal dus de gas-út-e-grûn- hellers, de NAM en de Steat. Miljarden hawwe se der oan fertsjinne! Ik haw it efkes Google: der is oan’e gaswinning 428 miljard euro fertsjinne, de steat krige hjir 363,7 miljard euro fan. Ik tink dat hjir ek de metro’s fan Amsterdam en dy fan Rotterdam fierhinne mei betelle binne, en ik tink ek dat it iepenbier ferfier yn’e Rânestêd dêr flink mei op poaten setten is.

Wy wiene tiisdei op’e neimiddei by in âld-klasgenoat fan my yn Westeremden, sy wennet mei har partner yn sa’n typysk Grinzer spultsje mei in ûnbidige tún oan’e râne fan it doarp, en sy hawwe ús efkes yn details út’e doeken dien hoe’t it Ryk, de Steat, de NAM dizze skea oanpakt hawwe, se binne der al hast tweinitich jier mei dwaande! Der binne “deskundigen” ferskynd, der binne “kommisjes” optúgd, de iene komt en de oare giet, se witte fan inoar net wat se dogge, harren ynterieur is al twa kear op’e foto setten (de earste rige foto’s wie weiwurden, ferdwûn, fuortbarge, wa sil it sizze?), der binne plannen makke en ferhip: der binne ek al in grut tal wenten platgien, fernijd, opknapt, mar yn totaal sjit it foar gjin meter op! En hyltiten mar wer papieren ynleverje moatte, want ja, de bewenners moatte harren foar elke sek semint ferantwurdzje, dat is it systeem, hin? As in hûs oanpakt wurdt, moatte de bewenners mei in koffer fol needsaaklik guod der út, se komme dan yn in wikselwente: in kontener-hûs, wy hawwe se op ferskate plakken oan’e râne fan doarpen stean sjoen. In protte boeren litte achter harren pleats in eigen kontener-wente sette en dan kin de pleats oanpakt wurde, mar de gewoane bewenners fan’e doarpen ferhúzje nei de rânen fan it doarp, “voor zes weken”, mar it wurde faak fiif moannen of langer. Bewenners wurde oerspand fan alle regeltsjes, se wurde soms troch ergtinkende ambters lytsman makke, ôfblaft, en ûndertusken sitte se yn in hûs dat sa njonkenlytsen feroaret yn in “onbewoonbaar verklaarde woning”.

© Wim Schut

En wat sjocht men no, sa flak foar de ferkiezings, hjir fan wer werom yn’e ferkiezingsprograms? Hat dit skandaal ek prioriteit by ús politike partijen? Ik haw der noch neat oer lêzen, it lytser meitsjen fan it tal asylsikers is foar guonds gâns wichtiger, en der soe ek wat dien wurde moatte oan’e hege hieren en it tekoart oan wennings.

Mar dat der in hiele streek yn it Noarden, fier fan’e Rânestêd, op in skandalige wize oan it lyntsje holden wurdt, dat der in hiele befolkingsgroep te koart dien wurdt, dêroer lês ik net safolle, ik haw yn elts gefal Wilders of Timmermans der noch net oer heard.

Se soene der ek ris te fytsen gean moatte.