Troch provinsje Fryslân
Iepen Mienskipsfûns iepenet earste ronde yn 2026
Deputearre Steaten fan Fryslân stelt it Iepen Mienskipsfûns (IMF) wer iepen. Fan 16 maart oant en mei 9 april 2026 kinne inisjatyfnimmers harren oanfragen yntsjinje om de leefberens yn harren wiken, doarpen en stêden te fergrutsjen. It giet om de earste fan twa iepenstellingen fan it IMF yn 2026. Yn totaal is der fan ’t maitiid €1.485.000,- beskikber.
Foar dizze earste iepenstelling yn 2026 is it budzjet ferdield oer fiif regio’s yn Fryslân: de Waadeilannen, Noardwest-, Noardeast-, Súdwest- en Súdeast-Fryslân. De iepenstelling hat twa ûnderdielen. Foar lytse projekten is subsydzje mooglik oant maksimaal €10.000,- en foar grutte projekten oant maksimaal €50.000,-.

Mear budzjet beskikber
By de behanneling fan de begrutting 2026 is it budzjet foar de jierren 2026 en 2027 ferhege mei €1.500.000,-. Dat makket dat der yn dizze bestjoersperioade totaal €13.500.000,- beskikber is foar it Iepen Mienskipsfûns.
Deputearre Sijbe Knol: “Mei de ferheging fan it budzjet dogge wy de oprop oan de mienskip om mei goede plannen te kommen om de leefberens yn de eigen omjouwing te fersterkjen.”
Oanfragen
IMF subsydzje oanfreegje is mooglik fan moandei 16 maart 2026 09.00 oere ôf oant en mei tongersdei 9 april 2026 17.00 oere. De twadde iepenstelling fan dit jier is fan 14 septimber oant en mei 8 oktober 2026. Sjoch foar mear ynformaasje op: Iepen Mienskipsfûns | Fryslan.