Categorieën
Commentaar Geschiedenis Internationaal Nederland Politiek

LIUWE VAN DER MEER: KRUGER

Op tiisdei 16 desimber kaam Zelensky nei Nederlân, op syk nei stipe en stut yn’e striid tsjin de Russen, hy is ek troch de kening ûntfongen, seagen wy op’e tillevyzje. Ik hie it gefoel dat Willem-Alexander wat ûntspannender njonken Zelensky stie as njonken Trump.

Op 11 oktober 1899 begûn yn Súd-Afrika de Twadde Boere-oarloch, tusken de Boere-republiken Transvaal, Natal en Oranje Vrijstaat tsjin it Britse Ryk. Ja, dy Britten, it hat altiten in agressyf folkje west en der sieten aardich wat kostbre mineralen, goud en diamant yn’e grûn fan dy Boererepubliken. De Trumpen en Poetins fan doe sieten yn Londen, wat dat oanbelanget is der net folle feroare cq ferbettere. Neat nijs ûnder de sinne dus!

Yn it begjin hiene de Boeren wol aardich súkses tsjin de Britten, mar linkendewei waarden dy súksessen minder, internasjonaal waarden de Boeren wol bewûndere fanwege harren moed it op te nimmen tsjin dy bliksemse Britten, mar sûnder jild of wapens dochtst net safolle. De president fan Transvaal, de legindaryske Paul Kruger (ja, dy fan it natoerpark!) makke doe in reis nei Europa om dêr stipe te sykjen foar de Boerestriid, it Nederlânsk regear stjoerde ein 1900 it pantserdekskip Gelderland om de man op te heljen. Him waard troch it regear ek in steatsbanket oanbean, mei de keninginne en neffens de leginde seach de ienfâldich opgroeide Kruger by dat banket it fingerkomke mei wetter oan foar in drinkbeker en brocht dêrmei in toast út op’e keninginne. Eltsenien seach ferheard en beskamme ta, fanwege it skeinen fan’e etikette, mar Wilhelmina rêde de sitewaasje en beantwurde de toast ek mei in slok út it fingerkomke, wêrnei’t alle oanwêzigen itselde diene…

Kruger kaam net wer werom yn Súd-Afrika. De stipe dy’t er socht, krige er net en hy wenne skoften yn Hilversum. Hy hat op allerhande plakken sprutsen, mar oft er ek yn Ljouwert sprutsen hat ,haw ik net fine kinnen. Ast yn’e Ljouwerter Kranten fan dy tiid sikest, sjochtst dat Kruger populêr wie, der wiene ferskate draafhynders nei him neamd en ek kafés krigen syn namme.

Fanwege syn kwakkeljende sûnens gie er yn 1904 nei Switserlân en dêr is er op 14 july 1904 ferstoarn. Hy waard earst yn Den Haach begroeven, mar is letter fansels oerbrocht nei Súd-Afkrika.

Ik bin benijd oft Zelensky juster by de lunch ek in toast útbrocht hat op’e kening; soene se noch fingerkomkes brûke op it Noardein?