Troch provinsje Fryslân
De lêste ronde foar it oanfreegjen fan subsydzje foar it duorsumer meitsjen fan mienskipsgebouwen is klear. 12 febrewaris waard bekend hokker frijwilligers subsydzje ûntfange sille om harren doarpshûs, sportkantine of tsjerke te ferduorsumjen. Yn totaal wurdt €1 miljoen útjûn wêrmei’t 34 gebouwen stipe wurde.
In 2023 besleat Provinsjale Steaten €5 miljoen frij te meitsjen foar it duorsumer meitsjen fan mienskipsgebouwen dêr’t stichtingen en ferieningen eigener fan binne. Yn 2023 krigen 154 gebouwen subsydzje. Mar de fraach nei dizze subsydzje bleau. Dêrop waard besletten om hjir nochris €2 miljoen foar frij te meitsjen yn it Iepen Mienskipsfûns programma 2024-2027: oparbeizje mei de frijwilligers.
Yn 2024 waard de earste miljoen iepensteld. Mei dit jild krigen 34 ferieningen en stichtingen subsydzje foar it oanpakken fan harren gebouwen. Ek yn de iepenstelling fan it neijier 2025 wie €1 miljoen beskikber. By dizze iepenstelling binne 60 oanfragen yntsjinne.
Advyskommisje
De advyskommisje, mei ûnder oare in ynstallateur en ferduorsumingsadviseur, hat op 12 febrewaris dizze projekten oardere. De 34 projekten dy’t de measte punten skoarden kamen yn oanmerking foar subsydzje. Tongersdei binne alle oanfregers belle. Yn totaal ûntfange 15 doarpshuzen, 13 sportakkommodaasjes en 6 tsjerken dizze omgong ferduorsumingssubsydzje.
De projekten dy’t net yn oanmerking kamen foar ferduorsumingssubsydzje kinne no in oanfraach yntsjinje by it reguliere Iepen Mienskipsfûns. It reguliere IMF is de ôfrûne hjerst ophege troch Provinsjale Steaten om sa twa kear yn it jier mei € 1,5 miljoen iepen gean te kinnen.
Oanfragen IMF Lyts & Grut
Fan moandei 16 maart 2026 9.00 oere ôf oant en mei tongersdei 9 april 2026 17.00 oere is it mooglik om subsydzje oan te freegjen foar it IMF Lyts en Grut. De twadde iepenstelling dit jier is fan 14 septimber oant en mei 8 oktober 2026.