Categorieën
Democratie Fryslân Politiek

14 gadingmakkers foar boargemastersamt Dantumadiel

Troch provinsje Fryslân

14 persoanen hawwe skreaun op de op ‘e nij iepenstelde boargemastersfakatuere fan de gemeente Dantumadiel: tsien manlju en fjouwer froulju. Twa gadingmakkers binne 60 jier as âlder, acht tusken de 50 en 60 jier, trije tusken de 40 en 50 jier en ien persoan is tusken de 30 en 40 jier âld. At de proseduere neffens plan ferrint sil de nije Kroanbeneamde boargemaster yn de rin fan novimber fan dit jier beneamd wurde.

Acht gadingmakkers binne net lid fan in politike partij. Twa kandidaten binne lid fan it CDA. De oare fjouwer binne lid fan de ChristenUnie, D66, FNP of BBB.

Anja Haga is op dit stuit waarnimmend boargemaster fan Dantumadiel. Sy folge op 18 novimber 2024 tydlik Klaas Agricola op dy’t waarnimmend boargemaster waard fan gemeente De Fryske Marren.

Kommissaris fan de Kening Brok hat mei de fertrouwenskommisje fan de gemeenteried fan Dantumadiel de sollisitanten besprutsen. De kommisje hat alle brieven sjoen. Yn goed oerlis is mienskiplik in seleksje makke. De kommisje praat mei de selektearre kandidaten en bringt ferslach út oan de gemeenteried mei in konsept-oanbefelling.