Categorieën
Boeken Fryslân Geschiedenis

Willem Schoorstra: Fryslân leit fol oerbliuwsels út de âldheid

(tekst: Omrop Fryslân)

Skriuwer Willem Schoorstra is fassinearre troch allerhanne oerbliuwsels út de Fryske âldheid dy’t noch yn it lânskip te finen binne. Al in pear jier strúnt er Fryslân en de eardere Fryske gebieten ôf, sykjend nei soksoarte tekens. En hy hat al in hiel soad fûn.

Yn de rin fan dit jier ferskynt der in fotoboek mei de moaiste fynsten út syn syktocht ûnder de titel ‘Ferburgen Fryslân’.

Syn syktocht nei symboalen yn it lânskip starte Schoorstra in pear jier lyn nei it lêzen fan it boekje ‘Gewijde plaatsen in Friesland’ fan Pier Adema út 1948. “Dat hat my echt op it spoar set”, seit er oer syn driuwfearen en de fynsten dy’t er oant no ta dien hat.

Lês fierder fia: https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/16301373/fan-lykpaden-oant-napkestiennen-fryslan-leit-fol-oerbliuwsels-ut-de-fryske-aldheid