Categorieën
Columns Fryslân Taal

LIUWE VAN DER MEER OER TWATALIGENS

Sa no en dan moat de kneppel efkes yn it hinnehok, oars sakkest wei yn slûgens en slappens, en it is ek goed foar de geast, goed tsjin Alzheimer, tink ik. Nee, foar de bloeddruk is it minder, mar dêr binne piltsjes foar. En dus, nei it lêzen fan it provinsjale suffertsje (dat wie it eartiids net, hear!) haw ik myn kompjoeter efkes opstarten:

Ast yn Fryslân gedonder hawwe wolst, dan moast besykje it Frysk wat mear rjochten te jaan of it Frysk yn it iepenbier wat sichtberder te meitsjen, op’e buorden bygelyks . Dan komme de tsjinstanders fan it Frysk út’e hoalen wei en betinke wer allerhande arguminten om it Frysk te hâlden wêr’t it heart: op jan-poepsplak, dan hat nimmen der lêst fan. En dus wurde allerhande deskundigen oanhelle dy’t ús ferdútse moatte hoe’t twatalige buorden der winliken útsjen moatte, de dominante taal boppe om benammen de minsken dy’t troch ús gebiet reizgje te skewielen, want ja, se soene it paad ris bjuster reitsje kinne as se de buorden net begripe. En dan leafst ek noch in streepke tusken de beide teksten, dan witte dy Friezen ek mar ris wêr’t se hearre: ûnder de streep! Allerhande psychologen wurde oanhelle dy’t ús fertelle dat minsken yn it foarbyriden net al te folle tekst opnimme kinne. No kin in kwart fan’e minsken ek ientalige buorden hast net lêze, mar hawar, it is in aardich argumint.

Mar no efkes ta de saak. Hat immen lêst fan twatalige buorden? Hat immen lêst fan twatalige opskriften op meidielingsbuorden of sa? Ut ûnderfining wit ik dat ik gewoan de tekst dy’t ik begripe kin, wól lês, en de oare tekst slach ik gewoan oer. Dat dogge wy yn Brussel oeral.

Twatalige buorden yn Wales. © Liuwe van der Meer

Wy hawwe yn Wales reizge en ek troch de Skotske Highlands, dêr sjochtst twatalige buorden, sûnder streepkes tusken beide teksten. En makket dat wat út? Nee, hielendal neat, de tekst dy’tst begripe kinst, lêst wol en oer de oare tekst fernuverst dy gewoan: gôh, wat aardich, it stiet ek yn it Keltysk op’e buorden, ik snap der wol neat fan, mar wat aardich tsjinoer de Keltysk-sprekkende minske!

Twatalige buorden yn Wales. © Liuwe van der Meer

Sá moatst dy twatalige buorden benaderje, gewoan dwaan, nimmen hat der lêst fan en dy Hollânsktaligen al hielendal net, dy’t har yn it bûtelân de bek brekke oer allerhande nuvere opskriften, mar dy’t der yn Fryslân allegeduerigen moeilik oer dogge omdat se ynienen ris in wurdsje Frysk lêze moatte. En dan te betinken dat der yn Wales en Skotlân mar in (hiel) lyts persintaazje fan’e befolking noch Keltysk praat. Mar it is út FATSOEN tsjinoer dy groep dat de opskriften faak twatalich binne, ek yn parten fan’e streek wêr’t hielendal gjin Keltysk praten wurdt. Wy wiene yn Tintern, om Tintern Abbey te besjen, it leit krekt yn Wales ast út Ingelân komst. Der wurdt yn Tintern gjin wurd Welsk praten en dochs: yn’e Lidl waarden berjochten ek yn it Welsk omroppen! Ja, wy ferstiene der gjin wurd fan, mar wat aardich! Gean dan ris nei de Lidl yn Grou.

It Frysk is erkend as twadde rykstaal fan Nederlân, Nederlân hat it Handvest Minderheidstalen fan’e EU ûndertekene, dat ynhâldt dat it ryksregear him ynspanne sil de posysje fan it Frysk te fersterkjen. En dan sitte hjir noch altiten in steltsje ambtners en oare hampelmannen har drok te meitsjen oer de fraach oft twatalige opskriften wol winslik binne en sa ja, hoe’t dy der dan útsjen moatte.

It is om te gûlen.