Categorieën
Dieren Fryslân Natuur en milieu

Wetterfûgels oerwinterje yn fûgelrêstgebieten

(tekst: provinsje Fryslân)

De Fryske marren binne in populêr plak foar oerwinterjende wetterfûgels lykas it nontsje en de smjunt. Om derfoar te soargjen dat se genôch rêst krije, wurde wettersporters frege om fan 1 oktober oant 1 april de mei boeien markearre fûgelrêstgebieten net yn te farren. Sa kinne se reserves opbouwe foardat se wer fierder fleane yn de maitiid.

Giele boeien mei blauwe stickers mei in slob en de tekst ‘Vogelrustgebied’ markearje de rêstsônes. De gebieten lizze yn de Natura 2000-gebieten Snitser Mar en omkriten, de Wite en Swarte Brekken, de Aldegeasterbrekken, de Fluezen en de Alde Feanen. Se lizze allinnich lâns de ûndjippe rânen fan de marren. De fargeulen en drokke farrûtes bliuwe dus tagonklik foar wettersporters en (sport)fiskers.

Swannen by de Snitser Mar. © Gerda Bijker-Bos

Fersteuring

In grut part fan de Europeeske wetterfûgelpopulaasje strykt winterdeis del yn de Fryske Marren. It giet dan om fûgels lykas de smjunt, slob, lytse seachbek of piiptjilling.

Fûgels hâlde fan dúdlikheid en foarsisberheid. As der gjin boaten komme yn de gebieten dy’t ôfbeakene binne mei de giele boeien, wenne de fûgels der oan dat se dêr rêstich dobberje en ite kinne. As dy dúdlikheid der net is, omdat der somtiden dochs in boat troch it gebiet fart, bliuwe de fûgels alert. Dan kin ien boat of persoan fan inkele hûnderten meters ôf al foar foldwaande fersteuring soargje om de fûgels opfleane te litten.

Roerdomp by Laaksum. © Hetty Radelaar

Alle kearen dat de fûgels opfleane, ferlieze se wat fan harren opboude reserves. En dy reserves hawwe se just hurd nedich om yn de maitiid wer fierder fleane te kinnen nei harren simmerferbliuwen om dêr te nesteljen. By tefolle fersteuring kinne fûgels in gebiet úteinlik gean mijen. Dêrom wurde wettersporters frege de gebieten tusken 1 oktober en 1 april net yn te farren en ek by de oanlisstegers dy’t achter de boeien lizze net oan te lizzen